Linepraatsjes
Opromming
09 maa. 2010 - As de temperatuer bûten omheech giet, komme de 'lentekriebels' boppe. De ruten gean iepen, de biezem giet troch it hûs en kasten wurde leech helle. Op it prikboerd is genôch romte om jo oerstallich húsried oan te bieden. Faaks kinne je der noch in oar bliid mei meitsje.
De brêge derút
08 maa. 2010 - Hjoed is der útein set mei de sloop fan de brêge yn de Ayttawei. Sa’n trije wike moatte auto’s en oar motoriseare ferkear in oare rûte nimme om yn of út it doarp te kommen. Foar fytsers en rinners leit der salang in ponton.
Der op út
07 maa. 2010 - Der wie hjoed bûtendoar gâns folk op ’e lappen. It sinneskyn waar brocht minsken al kuierjend, fytsend of boartsjend fan hûs en hiem.
Een brief uit Kenia
06 maa. 2010 - Danique en Britta vonden de actie schoenendoos van vorig jaar zo leuk, dat zij dit jaar op eigen initiatief nog 4 dozen vulden. De dozen werden verzameld in Heerenveen, en deze keer gingen de dozen naar Kenia.
En nu kwam er deze week zomaar een brief uit Kenia voor Danique, met een bedankje.
|