De Damestaart

De ôfdieling Vrouwen van Nu Reduzum e.o. rint as it spoar, in grut ferskaat oan aktiviteiten kin rekkenje op in entûsjaste dielnimming, de jûnen en de middeis dy’t organisearre wurde binne gesellich en de sfear is goed. In grut tal leden set har optimaal yn foar de saak, wat wolle je noch mear? Om sjen te litten dat dy ynset o sa wurdearre wurdt hat de Denktank de saneamde Damestaart yn it libben roppen, De Damestaart om presys te wêzen.