- Doarpsbelang
- Dorpskrant Linepraat
- Feiten en cijfers
- Historie
- Ligging
- Straatnamen
- Redúster doarpsliet
|
Agenda
Recent vernieuwd
- Geslaagd! - Merkespultsjes - In de pers - Vrouwen van Nu - Winners Rabobank jild... - Winnaar appelboom - Kaatsuitslagen - Burgerlijke stand - Jeugdfederatie Wergea - Bedriuwen-talintendei - Uitslag Quiz van De... - Musical - Prikbord - Groeten van Amelân - Van de Kerkenraad Uitgelicht
|
Linepraatsjes
Reek by keninklike besite bedriuwendei15 jun. 2013 - In prachtige middei foar ûndernimmers en jong talint. De keninklike besite fan Willem-Alexander en Maxima wie in wier hichtepunt op de bedriuwendei. Mar der wie ek in soad reek by dizze iepening. Wat gjin protest wie. "De kachel moat wol rikje", sa fertelde foarsitter fan de Sakeklub Fetze Tigchelaar....
Lûdsman Jouke lûkt de stekker der út15 jun. 2013 - Nei 30 jier stoppet Jouke Hallema as lûds- en technykman. As lyts jonkje fan 11 jier draaide hy al plaatsjes as der in skoalfuif wie. Lêtter waard dat útwreide mei lûd en technyk foar de skoalmusikals en by ROTO.Juster krige er nei ôfrin fan de musikal fan juf Janet as dank in grut bos blommen foar syn wurk.
Peloteurs Reduzum wer los op IFK!14 jun. 2013 - Kommende tiisdei 18 juni sil de Pelote ploech fan Reduzum it yn it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote opnimme tsjin ien fan de favoryten Wjelsryp. De wedstriid duorret in oere en begjint om 18:30 oere op it plein fan Easterlittens.Stypje jimme doarpsgenoaten en kom efkes lâns op it smûke plein fan Littens!
Slagge!13 jun. 2013 - Juster in domper foar VMBO leerlingen. Troch fraude mei eksamens yn Rotterdam krigen guon har útslach in dei letter. Mar hjoed kin dan dochs de flach út.Ek de VWO leerlingen krije hjoed te hearren at se slagge binne. Elkenien dy't slagge is, fan herte lokwinske.
Er was eens...12 jun. 2013 - Sneeuwwitje, Doornroosje, de wolf en de 34 geitjes, allemaal staan ze vrijdagavond op toneel. Alleen alles is anders. Alle groepen van de TDS zijn al druk aan het oefenen.Het spektakel begint om 19.00 bent u van harte welkom in de tent aan de Legedyk. Er zijn zitplaatsen, maar eigen stoel geeft grotere garantie op zitplaats.
All in wellness moment op bedrijvendag12 jun. 2013 - Massagepraktijk Shanika, kapsalon Papillot en schoonheidssalon Marbelle verzorgen zaterdag 15 juni een all in wellness moment voor alle bezoekers. Kom gezellig langs en laat je handen masseren, haar knippen en gezicht opmaken.Voor slechts € 25,-- wordt je 45 minuten in de watten gelegd. Tijd: 13.00 uur - 17.00 uur
Keninklike besite talintendei11 jun. 2013 - It is hast sa fier! Sneon 15 juny om 12:30 wurdt it keninklik pear ferwachte yn de prinsetún. Dernei folget in rûnrit mei de ‘koets’ troch de haadstrjitte en bangmastrjitte om úteindlik de talintedei te iepenjen op de Terp oan de Legedyk.Op de talintedei is der foar elk wat te rêden. U.o. komt Piter Wilkens te spyljen.
Fryske Fisker10 jun. 2013 - De Fryske beropsfiskers wolle mei in nij karmark Fryske fisker sjen litte dat har produkt duorsum natuerlik en yn it Fryske wetter fongen is. Dit dogge se û.o troch it útsetten fan glêsiel en de Fryske iel sels te ferwurkje en ferkeapje.Ielfisker Ale de Jager kin jim sneon, mei de iepen dei, hjir alles oer fertelle.
2 x 50 = 10010 jun. 2013 - Al in oantal jierren wenje se neist elkoar, neat bysûnders, mar wat wol bysûnder is dat se mei syn fjouweren ek noch ris 100 jier troud binne.Dizze maaitiid is it 50 jier ferlyn dat Piet en Jannie Sjonger en sa ek Jentsje en Tietsje v.d.Meer troud binne.
Simmerfeest 'Reduzum hat it'09 jun. 2013 - Kommend wykein brûst it op 'e terp oan de Legedyk. Freed de musikal fan de TDS, sneontemidei de bedriuwendei en de jûns 'Talint yn'e tint'. Fanôf 20.00 oere is der muzyk fan ús eigen doarpsband en in soad oar talint út eigen doarp.Kaarten binne yn de foarferkeap €10,00, te keap by De Blauwe tinte en slachterij Sixma.
Tuinplan08 jun. 2013 - EekeSjoukje Roodvoets is al van jongs af gepassioneerd tuinierster.Ze heeft afgelopen jaren met haar bedrijfje veel professionele ervaring opgedaan in beplanting, snoeien, tuinontwerp en het uitvoeren van creatieve tuin-projecten. Wilt u adviezen of tuintips. Neem dan contact op met Tuinplan
Reduzum promoasje07 jun. 2013 - De bern út groep 8 hawwe yn de ierdrykskundeles in promoasje flyer makke oer Reduzum.Se wolle graach witte hokker folder jim it dúdlikst en moaiste fine. Besjoch de folders en bring jim stim út!
In himels miel06 jun. 2013 - In poppebak, wat in hearlikheid. Alteast at je die mei eigen hannen opite kinne.De bern fan groep 7 koene ûnder de godstsjintlessen nei oanlieding fan in ferhaal sels ek ûnderfine hoe dizze lekkernij sawol in himels as hels miel weze koe.
De hobby fan...05 jun. 2013 - Peter van der Meulen hat as hobby munten sammelje. Hy hat al ferskate soarten. Se komme út ferskillende lannen, mar hawwe ek gekke foarmen. Mar hielendal grûtsk is der op de munt mei de berch Grossglocker út Eastenryk.Yn it blêd Heit en Mem stiet in ynterview mei dizze Dagobert Duck.
Teatsen04 jun. 2013 - Teatsen, in spultsje wat no sa'n tsien jier bestiet, is keatsen mei in tennisracket. Snein om 13.00 kinne jim allegear meidwaan oan dit tennisspultsje op it keatsfjild. Opjaan kin oant freed 19.00 by Dirk ( tel 602323) as Rein (tel 601213).
Oud papier03 jun. 2013 - Wilt u, als woensdag het oud papier wordt opgehaald, er om denken dat:- de bakken BIJELKAAR staan met het handvat naar de weg. - Stamp het papier NIET VAST in de bak en maak lege dozen PLAT. De boel blijft anders steken. - Zet de bak alleen bij de weg als er BEHOORLIJK WAT in zit. Als u de bak vol heeft kunt u het papier ook in een doos bij de weg zetten.
Trije dolle dagen by de Vingerhoed02 jun. 2013 - Woansdei, tongersdei en freed sil it ien en al drokte wêze oan de Master Gorterstrjitte 2. Yn ferbân mei de útwreiding fan iepeningstiden hat bêrneklean en kadowinkel de Vingerhoed trije dagen mei grûtte oanbiedings.Freed komt der in iiskarreman dêr't jim nei minimale oankeap fan €2,50 in gratis iisje krije kinne.
Efkes skoft by de Eskeblom01 jun. 2013 - Fanôf hjoed kinne kuierders, fytsers mar ek bewenners foar in pypskoft harren deljaan op it terras fan de Eskeblom. As de winkel iepen is stiet der foar in lyts priiske kofje, tee mei wat lekkers fan de bakker klear.
In skouderklopke31 mei. 2013 - Jûn nei ôfrin fan de jeugdfederaasje ôfdielingkompetysje binne der in soad bern dy't mei in priis nei hûs gean. 21 fan harren ferstjinje as 1e priiswinners ek nochris in moaie krâns. Foar it meitsjen fan dizze kransen stiet altiten in hiele ploech frijwilligers klear.Soks fertsjinnet in skouderklopke
Tsjerke yn de steigers30 mei. 2013 - Sûnt in wike stiet de tsjerketoer yn de steigers.De tsjerke kriget bûtenom, fan ûnder oan't boppe, in opfrisbeurt. Dit reguliere skilderwurk bart ien kear yn de tsien jier. |
||||||||||||||||||||




















