Dorpssite Reduzum / Friens

De doarpsomropper

25 aug. 2010 - Roelof Louwsma, doarpsomropper fan Omrop Fryslân, die hjoed ferslach fan út Reduzum. Hy seach net allinnich by de wurksumheden op ‘t skoalplein, mar gong ek nei de kroech. Hjir spruts hy mei útbater Jeroen van Dijk en besocht in aai te fangen.

Radiofragmint:  Doarpsomropper Roelof Louwsma op it skoalplein


 


Radiofragmint: Doarpsomropper Roelof Louwsma  smyt in aai op by de Welp


Uilskuiken


Sa lang de sinne skynt...

5 july 2010 - Hjoed wie de earste etappe foar de fan de Frisian Solar Challenge. In soad folk kaam by de Swette sjen nei de sinneboatrace.


Kwartsjereiske

Woansdei 2 juni wie it safier, de Redúster froulju hiene in reiske. Wêrhinne? Dat wisten allinnich it bestjoer en de sjauffeur. We wiene it doarp noch net út of de earsten rôpen al om kofje. Oare jier dus mar in pitstop by de Blauwe Tinte.

Bussjauffeur Harry ried lâns moaie paden nei Nieuw-Buinen. Dêr wiene we te gast by de ierdewurkfabryk fan Royal Goedewaagen. Nei in bakje kofje mei wat lekkers, krigen we in rûnlieding troch de fabryk. Hjir meitsje se neist it tradisjoneel ierdewurk ek in soad designprodukten. Fan kalkpiip en miniatueren oant de Hollânske faas. Der wurdt earst in mal makke, en hjir wurdt letter floeibere klaai yn getten. Nei it bakken kriget it produkt syn dekoraasje. Neist it hânskilderwurk wurdt der ek masinaal dekoraasjes opbrocht. De artikels fan Royal Goedwaagen wurde faak yn in lytse oplage makke, wêr dan ek in spesjaal priiskaartsje oan hinget. Dat keramyk net âlderwetsk hoecht te wêzen, koene we sjen yn de winkel. Allegear eigentiidske oanpassings meitsje dat der foar elk wol wat te keap is.


 


Doe gie de reis op nei in museum restaurant it Slaait’n hoes yn Onstwedde. Dêr seagen we ús de eagen út. Oeral hong of stie guod fan eartiids. Hjir krigen we in lekkere pankoek. Om’t it drok wie holp Sjoukje mei de betsjinning. No dat gie har as kroechbaas goed ôf. Doe’t de pankoek op wie, koe elk mar noflik sitten gean foar in amusante rûngong. Oan de hân fan siswizen krigen we in rûnlieding lâns al it âlde ark. Oan de ein fan it ferhaal krigen we ek noch in demonstraasje sânstruie. Mei fyn sân makke der allegear sierlike rânen, dy’t fan oarsprong foar de snein op de flier struid waarden. Op en top folkloare.


De folgjende stop wie yn Haren by in orchideenkwekerij. Nei in slach troch de orchideenkas en in kuierke troch de “natuerlike” bûtentún setten we ôf nei Burgum. Dêr wie de drang nei winkeljen foar in oantal froulju sa grut, dat se net wisten hoe rap se út de bus komme moasten. Foar dat we oan tafel koene, kamen de earste “koopjes” al út de tas. En moast der fansels showt wurde. In lekker miel waard ús foarsetten by de Pleats. Bêst genôch.


De weromreis moasten we it dwaan mei in jongere sjauffeur, dy’t nei’t er troch elk goed bewûndere wie, ús om goed healwei njoggenen thús ôflevere.


Befrijing

Ienakter skreaun spesjaal foar de betinking.

Trude sil nei in fersoargingshûs. It âldershûs wurdt leechhelle. Dan komt der in brief foar it ljocht…..

It stik einicht mei in lied út de 40-er jierren.


 

 

Diel 2

 

Diel 3  slot.


 

 

Ynstekster                                Nynke Brinksma
Rezjy                                       Piter Renia

It stik einicht mei in LIED út de 40-er jierren.
Sang:       Astrid Woltjer
Mesyk:    Jappy de Vries en Hylke Tromp.

 

 

Spilers:    
Trude, de mem             Marjan de Jager
Albert, har soan            Taeke v.d.Woud
Reina, de dochter          Afke Mouffakir
Antsje, frou fan Albert    Nynke Brinksma
Piter, beppesizzer         Jitse Terpstra
Jildo, syn suske            Lisette Woltjer
Betsy, de thúshelp        Sus Tiesema
Kees en Jannes fan de kringloop      Liuwe en Jannes Tilma

Betinking 4 maaie

Ien kear yn de 5 jier betinke we yn de trije doarpen meiinoar de slachtoffers fan de twadde wrâldoarloch.

Nei in stille tocht fanôf it tsjerkhôf, leinen de bern fan de Trije Doarpen Skoalle in blomstik del by it monumint foar de tsjerke.
Hjirnei gong elkenien nei de boppeseal fan kafee bar de Welp. Nei de ûntfangst troch dûmny Knol, droegen de skoalbern gedichten foar.
De spesjaal foar de betinking skreaune ienakter, "Befrijing" hâlde elk yn de besnijing.

Trude sil nei in fersoargingshûs. It âldershûs wurdt leechhelle. Dan komt der in brief foar it ljocht.....


Besjoch hjir de reportage op reduzumonline


Merenloop Grou

14 maart 2010 was de 40ste Merenloop in Grou. En ook dit jaar deden er weer veel kinderen mee uit Reduzum.
De jeugd tussen 4 en 12 jaar liep de 1.1 km. Na afloop kregen ze een gouden medaille, wat lekkers en mochten nog even op het springkussen spelen.

Melle, Corné, Leon, Mark, Anne Baukje, Hessel , Harm, Annekee, Leila-Janneke, Gallil-Teake, Nadya-Rinske, Jehannes, Albertine, Mirte, Jorn, Brecht ,Hillie, Dina, Ylse, Roos, Nynke, Sido


Ulebuorden

Yn Reduzum stean in oantal pleatsen dêr’t in ûleboerd op sit. Yn dizze streek kinne jo twa typen ûleboerd fine, of fariaasjes dêr op. Dit binne de types “de Wâlden” en “Mid- Fryslân”. In oantal ûlebuorden fine jo hjirûnder. Mar witte jo ek op hokker pleatsen se sitte? Mail jo antwurden troch nei de redaksje

Meer ynformaasje oer ûlebuorden op www.uileborden.net


Winner Sniepop Topmodels 2009/2010

De sniepop fan Jentsje van der Meer is mei 35 persint fan de stimmen keazen ta moaiste sniepop fan dizze winter. Ut hannen fan Wilma van Marrum fan de redaksje fan www.reduzum.com krige Jentsje fannemiddei in oarkonde en iisko's om út te dielen oan syn klasgenoaten. Sy hiene allegear op Jentsje syn pop stimd.
Jentsje hie de pop makke mei help fan syn sus.


Verantwoord waterverbruik

Donderdag 21 januari presenteerden de eerste klassen van Piter Jelles Aldlân de resultaten van hun project “Verantwoord watergebruik” aan hun opdrachtgever: wethouder Isabella Diks. Ze hadden gedurende zeven weken hard gewerkt aan dit project bij het vak Onderzoeken en Ontwerpen. Dit is een nieuw vak, dat zich kenmerkt door onderzoek- en ontwerpopdrachten van een opdrachtgever van buiten de school. Om goed aan de wensen van de opdrachtgever te voldoen doen de leerlingen gedegen onderzoek. De vaardigheden en kennis die hiervoor nodig is, komt stapsgewijs aan de orde. Een panel van deskundige ambtenaren en de wethouder gaven elke presentatie feedback. Ze waren erg enthousiast over de gevarieerde manier waarop de presentaties werden gebracht en de soms verrassende ideeën van onze leerlingen.


Sniedunen


Ald en nij

Ald en nij is karbidsjitte oan de Legedyk, in âldjiersfjoer yn Friens en fjoerwurk ôfstekke.