Dorpssite Reduzum / Friens

Hout op het vuur...

Yn syn presintaasje foar in tsjerke fol minsken, liet Jan de útkomsten fan syn ûndersyksfraach witte.
Studinten dy't leare foar dosint oan in kristilike skoalle, witte te min oer de skiednis fan it kristlik geloof, de kristlike feestdagen, de kristlike identiteit.
It fjoer dêr't Bibelske ferhalen mei trochjûn wurde oan nije generaasjes, dôvet stadichoan. Mei in soad symboalen woe Jan dúdlik meitsje dat der hout op it fjoer moat, wolle jo dit fjoer baarnend hâlde.