Lintjesregen
Lid in de orde van de Oranje Nassau:
Geeske Smorenburg-de Groot (59), Reduzum, korfbalvereniging Stânfries, dorpskrant Linepraat, commissie Wolwêzen, Doarpsbelang Reduzum, korfbalvereniging Mid-Fryslân.
Alie van Essen-Zondervan (74), Reduzum, mantelzorger, leidster kleutergymnastiek, bejaarden en huisvrouwen, volkdansgroepen, docent turnen, Vrouwen van Nu, Dorpsbelang, vrijwilliger ouderendagverblijf De Terp.
Reduzum draaft
11 maart 2012
Grou 42 ste Merenloop
Het was weer één groot hardloop- en wandelfeest in Grou. Met 500 inschrijvingen. Waarvan de kinderen de 1.1 km liepen, was het ook dit jaar weer gezellig druk in Grou.
Hoog in de lucht
10 maart 2012
Op zo'n 12 meter hoogte heb je een mooi uitzicht over het dorp.
Van onderen...
07 maa. 2012 - Na jarenlang groeien lag vanmiddag binnen een half uur deze boom om. Bewoners en buren aan de D.S.Bangmastrjitte konden jarenlang genieten van de bladerpracht. Maar door te natte voeten is hij dood gegaan. Zeinstra Boomverzorging ging de strijd aan...
Zeven dorpentocht
10 feb. 2012 - 15 jier hawwe der op wachtsjen moatten. Mar doe gie it dan dochs oan. Mear as 500 ynskriuwings yn Reduzum. Riders út de omkriten, mar ek út Eindhoven as Noard-Hollân koene op it iis genietsje fan de omjouwing fan mid Fryslân.
Klik hjir foar in ympresje fan de hiele tocht.
Winter yn ús doarpen
Febr. 2012 - Dizze froastperioade smyt ek wer moaie plaatsjes op fan de omjouwing. Hawwe jim ek moaie winterske foto's? Mail se nei redactie@reduzum.com.
Redúster Blik Brouwers
Duvelske dame brout meesterlik bier
19-01-2012
Net allinnich mannen hawwe ferstân fan bier. Gerda Huisman mei har foar it 2e jier de winner neame fan alle bierblik brouwers út Reduzum. Tegearre mei dochter Nora (soarge foar de finisching touch) hie se in duvelbier makke. Hjirfoar krigen se fan de deskundige sjuery de measte punten.
Reduzum hat in brûzjende klub fan 24 amateur blik bier brouwers. Dizze hawwe har talein op it brouwen fan harren eigen spesjaalbier sa as pilsner, duvel, gallia, trippel, wytbier (tarwebier). Al dizze minsken binne start mei in blik mei moutextract (fandêr de namme blik bier brouwers) en wetter. De proseduere is net yngewikkeld, mar je moatte wol skjin wêze. As nei in oantal wiken de bier bottele wurdt, kin it lange wachtsjen mar begjinne.
13 joegen harren bier op foar dizze bierpriuwerij. Keurmaster Hans Warnink, lanlik bierkeurmaster en foarsitter fan de Fryske bierbrouferiening “De koperen tsjettel” hie yn’t foar in seleksje makke. Brouwers en leafhawwers fan bier beoardielden dizze bieren û.o. op presentaasje, aroma, body, mûlegefoel en de neismaak. Sy joegen punten foar de publykspriis.
1e Gerda Huisman , mei Duvelske dames
2e Ale de Jager, mei Fishermansfriend
Publykspriis:
1e Jelle Roorda mei Jelle Gold pils
2e Coos Kuindersma mei in Scottisch bier
2e Sjouke Zijlstra mei Piets bier
Winterske kjeld
16 januari 2012
Foar guon minsken smyt de froast, mei kâlde hannen en rútskrabjen, in soad lyts leed en ûngemak op. Mar it smyt ek hiele moaie plaatsjes op.
Hawwe jim ek fan dy moaie winterske plaatsjes makke? Mail se dan nei redactie@reduzum.com
Heech wetter
05 jan. 2012 - De stoarm en it dêrby hearende hege wetter soarget ek yn Reduzum foar oerlêst. Sa is it wetter yn de haven sa heech, dat steigers en it paad derom hinne no ûnder wetter stean. Ek it Swin nimt mear romte yn as oars. Op ferskate terrasflonders kinne se de fuotten net droech hâlde.
|