Dorpssite Reduzum / Friens

It skouderklopke

Elts fertsjinnet wolris in skouderklopke,
al is it mar mei in fingertopke

Minsken mei hert foar har omjouwing binne belangryk foar de leefberens fan it doarp en de ferieningen. It liket soms sa gewoan wat se dogge, mar sūnder har kinne we net.
Wa moatte we neffens jo ris troch dizze rubryk yn it sintsje sette?
redactie@reduzum.com


Februari 2010

Jelly van der Zijl heeft na haar pensionering al veel vrijwilligerswerk verricht. Na het vertrek van Ds. Kobus heeft zij onmiddellijk het pastorale werk op zich genomen. Inmiddels doet ze nog veel meer bestuurlijk werk voor de kerk. Ze vervult vaak een bemiddelende rol, met humor en plezier.

Ook heeft zij een grote rol (als ex-medewerkster van Talant) vervuld in het tot stand komen van circus Mouww. Het circus met gehandicapten en professionale theatermensen, dat afgelopen zomer werd georganiseerd en met groot succes een paar dagen op de ijsbaan in Sneek stond.


Jannewaris 2010

André Bergsma is ien fan de minsken dy’t fan it earste begjin ôf dwaande is mei de doarpssite. Op it ynformatikaflak binne der foar him gjin beheinings. Jeltsje Brouwer, mei in oplieding as webdesigner, hat de nije lay-out ûntwurpen. Sy is sûnt 2008 belutsen by reduzum.com


Desimber 2009
Ingrid de Jong set har al in grut oantal jierren yn foar skoalle en de Levo-wurkgroep. Dizze wurkgroep fan de TDS fersoarget ferskate fieringen foar de skoallebern mar ek foar alle oare minsken yn it doarp. Sa ha se al twa kear in moaie Krystkuier op tou setten en ferline wike mei 16 lantearnen in 'Spoar fan Ljocht' troch de trije doarpen lutsen. Ingrid en de oare wurkgroepleden fertsjinje dêrom dizze kear in skouderklopke.

  Novimber 2009
Foar keatsferiening Jan Reitsma, stapten leden Nynke Lantinga mei freon Piet Brouwer en Wiebe van Marrum dit wykein yn Ljouwert op’e trein nei Starum. Troch it tellen fan de yn- en útstappende passazjiers, kinne de spoarweimaatskippijen in goed byld krije oer rendabele lijnen.

Oktober 2009
Harke v.d.Wal is as bestjoerslid fan Doarpsbelang belutsen by in soad lytse en grutte doarpssaken. It kuierpaad, de Greidhof en de nije wenwyk Swinlân binne in pear projekten dêr’t er him de ôfrûne jierren mei dwaande hâlden hat.

September 2009
Janneke de Vries is sûnt twa jier koördinatrise foar de Nierstiftingkollekte. Neist it kollektearen is sy de kontaktpersoan foar de 16 kollektrises yn Reduzum, Friens en Idaerd. Se hat dizze taak oernaam fan har mem Tryntsje, dy’t dit wurk 35 jier dyn hat.

Augustus 2009
Kuorbalploegen dy’t kampioen binne brûke har ridend ark. En is der in rommelmerk, dan feroarje harren stâl en skuorren yn in grut distribúsjesintrum. In libbende kryststâl, it kin by har. En no mei de merke yn ’t sicht stean sy foar elkenien yn de buert klear.

July 2009  
By it deisintrum Op ‘e Terp binne se tige wiis mei har frijwilligsters. Neist Alie binne de frijwilligsters Rinie, Janke, Tjimkje, Siemie, Tryntsje, Tietsje, Riekje, Sjoukje en Dukke in wolkomme help. Elk hat sa in eigen ynbring foar in gesellige middei.

Juny 2009
Roel Witteveen hat as túnman jierrenlang rûnom de tsjerke it gers meant en de haach knipt. Dit jier docht der dit foar de lêste kear.

Mei 2009
Wietske Jorna is de spin in het web van de tennisvereniging. Ze regelt de competities, de samenstelling van de teams, valt in bij verhindering, regelt de tennislessen, helpt de leraar af en toe om de jeugd bezig te houden en regelt mede het onderhoud van de baan. 

April 2009
Mei in soad entûsjasme lit Jan Henstra de bern priuwe, fiele, sjen en hearre oer it leauwen. Troch bygelyks liturgysk blomskikken of in besite oan in godshûs, wol Jan de bern  respekt by bringe foar minsken mei in oar leauwen.

Maart 2009  
At it net kin sa’t it moat, dan moat it mar sa’t it kin, hat Durk van Gorkum tocht. De stoepe oan de Smedingstrjitte moast foar de feilichheid ferlingd wurde.  It sân lei der yn en doe de tegels noch. In drege put. Under tafersjoch fan de foarsitter fan Doarpsbelang, Piter Renia, hat er der in moaie stoepe fan makke.

Febrewaris 2009
It wie begjin desimber doe’t Wiert v.d.Bogert de heup bruts en syn frou Alie de earmtakke bruts. It koe net mâler, om’t se krekt de kaai fan har nije stee op it Swinlân krigen hiene. Doe ha broer Theo en syn frou Janny der foar soarge troch te farvjen, behingjen en te ferhúzjen, dat it hûs yn ‘e es kaam.


 

Jannewaris 2009

Oft it no om baanfeien giet of it regeljen fan it riders ferkear by de hurdriderijen, Jelle Roorda stekt op it iis graach de hannen út de mouwen.


Desimber 2008 - Wieke van Dellen is sûnt 1996  koster fan de Nederlânsk Herfoarmde Tsjerke . Se soarget derfoar dat foar tsjerketsjinsten en byienkomsten de tsjerke der tiptop útsjocht .

  Novimber 2008 - Froukje de Ree is op skoalle lêsmem. Tegearre mei in tal oare froulju helpt se bern yn groepsferbân by it lêzen.

  Oktober 2008 - Bartle de sinnepanieleman
Hawwe jim wolris yn 't doarp sjoen hoefolle sinnepanielen der op 'e dakken sitte? As man fan de sifers en de natuur, sammelt Bartle de Leeuw alle moannen standen fan de wynmûne en de sinnepanielen. As ponghâlder fan de mûnestifting set er alle sifers foar ús op in rige

.