Dorpssite Reduzum / Friens

Nijs jeugdwurk

Nei jierren fan ynset foar it jeugdwurk hat Marjolein v.d.Meulen besletten om te stopjen,
mei har bestjoersfunksje.
Troch har nije baan wie it foar har spitigernôch net mear te kombinearjen.
We betanke har foar de moaie jierren by it jeugdwurk.

Om't we no nei de simmerfakânsje ûtein sette mei 8 bern,
komt der foarearst nimmen by yn it bestjoer.

 

Wat stiet der noch mear op ús programma:


St.Marten fiering op 11 Novimber,
âld Hollânske spultsjes op 3 Desimber,
Gourmetten op 21 Desimber  en op 7 Jannewaris 2012 ha we noch ris in nifelmiddei.

 

Jeugdwurk Friens

Al sûnt jierren is der foar de bern fan de basisskoalle it Jeugdwurk. Bern fan 4 oant en mei 12 jier binne wolkom.
Mei as hichtepunt op de lêste snein yn juny de Frienzer Merke. Fan septimber ôf oant en mei de Frienzer Merke ha wy ús aktiviteiten. Der binne in oantal fêste fersetsjes dy't eins alle jierren wer komme.
Sa as St.Marten optocht. Meielkoar nei alle hûzen ta te sjongen en dan letter yn It Lokaeltsje al it sammele snobbersguod ferdiele. It Sinteklaasfeest, de generale fan it toaniel, in reiske as oars der op út en fansels de Frienzer Merke.

Dêrneist dogge we om de fjouwer wiken in aktiviteit. Ek besykje we faak in aktiviteit yn de fakânsjes te dwaan.
Wat dogge we dan op sa'n middei as moarnsskoft.....
Nifelje, dat kin fan alles wêze. Koekjes as hartige hapkes meitsje, bakke en fansels lekker opite.
In diskojûn, as in bingojûn... en sa mear.

 

Yn it hjoeddeistich bestjoer sitte:
Theadora Jongbloed
Anke Bergsma
Sietie Boersma