Dorpssite Reduzum / Friens

Jeugdwurk Friens gourmetten

Sneontemiddei 7 jannewaris middeis rûn 16.30 oere stie alles klear yn it Lokaeltsje om gesellig mei syn allen te gourmetten.
De bern Sido,Nynke,Jelle,Wianne,Marije,Jurjen,Sybren, Noah,Annemarijn,Marike,Nora en Jurre ha om'e raak oan it bakken west en dat alles fansels lekker op ite.

Marjolein wie dizze middei ús gast. Se wie al earder ût it jeugdwurkbestjoer stapt mar dit wie har " ôfskie".
As tank foar har jierren fan ynset hienen de bern foar har in big shopper oppimt, dat mei in bladcadeau is har dizze middei troch Annemarijn en Jelle oanbean ût namme fan alle bern en it bestjoer.

Fan Marjolein krigen se doe noch wat lekkers. As ôfslúting wie der noch in ysje mei nûtsjes en slachreamme. Rûn 18.30 oere koe elkenien wer op hûs oan. We kinne werom sjen op in tige slagge middei.


Spultsjesmiddei 3 desimber

Sneontemiddei 3 desimber ha we mei de bern fan it jeugdwurk spultsjes dien.
We hienen trije groepkes fan sa’n trije – fjouwer bern.
In sjoelbak, knikkerbak, houten memory, fiskspultsje, houten poddestuollenspultsje,
mûzefalle spultsje, tsiis/mûs spultsje dat wie wat de bern allegearre dwaan koenen.

Se dienen allegearre goed hun bêst en fûnen it leuk om te dwaan.
Doe’t ynienen Mirjan binnen kaam dat der immen om help rôp!!
Se wienen opslúten yn de wc. Dér wie Lies lokkich mei in skroevedraaier
en sa koe de doar iepen makke wurde.
En dér wienen samar twa swarte pieten.
Dy’t in bytsje dom wienen om troch it rútsje nei de wc ta te gean.

Mar mei syn allen de seal yn. Ek Silke, Ylse, Sybren,Elske en Wietse wienen der dizze middei by.
Alle berntsje krigen in kadootsje en doe ha we ta beslût ,
noch mei de swarte pieten oan it dûnsjen west
en ha se noch efkes sjoen hoe goed de bern spultsjes dwaan koenen.
Om 16.30 oere wie it wer rêstich yn it Lokaeltsje.

Spultsjes
Leuke spultsjes
Super leuke spultsjes
Super leuke spultsjesmiddei
Spultsjes

Swarte Pieten
Swarte Pieten sieten
Swarte Pieten sieten opslûtten
Swarte Pieten sieten opslûtten yn de wc
Ferrassing

Elfkes makke troch Nynke Boersma


Sint Marten

11 november is de dag dat mijn lichtje branden mag!!!

Met een bus vol kinderen(12) op weg om te zingen,en volgens de kinderen het belangrijkste,snoep ophalen.
Na anderhalf uur waren we Friens rond geweest.
Lies had de warme thee en chocomel klaar,en de buit werd verdeeld.
Het was een super geslaagde avond,en alle oogjes glinsterden bij het zien van al dat snoep.

Anke


Gesellige middei yn it Lokaeltsje

Op woansdeitemiddei 19 oktober yn de hjerstfakânsje,
soenen we mei syn allen op'e fyts nei it Raerder bosk.
Mar it wie net moai waar dus ha we mar mei syn allen allegearre lekkere dingen makke.
Sa as koekjes bakke, kreakelingen en sjips meitsje en mini-pannekoeken bakke.
Dizze middei wienen Marike, Nora en Jurre der ek mei harren Mem,
sy wenje sûnt in skoftke yn Friens oan de van Sytzamawei.

De folgjende kear gean we mei syn allen op paad mei de lampionnen.

Nynke en Sietie Boersma


Knutselmiddag jeugdwurk Friens

We zijn weer begonnen!!!

Na de zomerstop hadden we op zaterdag 24 september de eerste keer jeugdwerk in Friens.

In de kist zaten nog veel overgebleven spullen van vorige knutsel middagen.

Alles op tafel en iedereen mocht zelf uitzoeken wat hij of zij wilde doen, schilderen, stenen verven, of opkleuren.

Er werd lekker met verf geknoeid en creatief gewerkt.

Met tussendoor een snoepje en wat drinken, en aan het eind nog een ijsje, was de middag zo maar om.

De volgende activiteit is in de herfstvakantie.



Anke