Frienzer Merke 2010
Jeugdwurk.
Op snein 27 Juny hienen we de Frienzer merke. Foar de bern wurdt der ek altiten it ien en oar organisearre.
Fansels wie der it nije springkessen en der wienen allegearre bakken mei Duplo. Lego en Knex dér' t de bern mei boartsje koenen.
Nei it iten wie der foar de bern oant 12 jier in foarstelling fan Kindertheater Flater by Kees en Trientsje yn de skuorre.
Hjir koenen we fuort ek efkes ôfkuolje! Kindertheater Flater spiele de foarstelling "de Reuzen en de druppels" foar de bern.
Somtiden fûnen inkele bern it wol hiel spannend.
Nei ôfrin fan de foarstelling wie der foar alle bern in lekkere ysko.
We kinne werom sjen op in tige slagge merke!!
Jeugdwurk Friens.
Theadora, Anke, Marjolein en Sietie
Speelbos Joure
Nijs Jeugdwurk Friens.
Fannemiddei om healwei twaën binne we mei syn allen yn trije auto's (Anke, Theadora en Sietie) ôfsetten nei Speelbos Joure.
Jentsje, Sido, Nynke, Wianne, Jurjen, Sybren, Noah, Jeen en Wytze.
Marije wie dizze middei net mei, se moast nei swimles.
En Anne Marijn wie dizze middei ek mei har mem mei.
De bern ha harren tige fermakke mei it klimmen, it glydzjen, de wii-games en it ballenkanon.
Se koenen tuskentroch folop ranje drinke en se hienen ek noch efkes tiid foar in iisko en in bakje patat.
En doe't we op hûs oan soenen, krigen se allegearre noch in pûdsje snobbersguod as sjips.
Rûn 18.00 oere wienen we nei in hiele gesellige middei werom yn Friens.
De lêste aktiviteit fan dit seizoen sil de Frienzer merke op snein 27 juny wêze.
It nije springkessen
Jeugdwurk Friens.
Woansdeitemiddei 5 maaie wie it dan safier.
By Jarig-Jan en Sietie efterhûs gie it nije springkessen foar de earste kear omheech.
Spitich dat net alle bern der wienen, mar dy't der wol wienen ha in protte wille hân mei syn allen.
It waar wie goed en mei wat drinken, in koekje en wat snobbersguod wie it in tige gesellige, slagge middei.
De folgjende aktiviteit sil net wêze, sa as wol op it bryfke fan Jeugdwurk stiet, op 12 maaie mar op woansdei 19 maaie.
We gean om 13.30 oere fuort fanût Friens nei Speelbos Joure. Wy hoopje dan dat eltsenien wer mei giet.
Springkessen foar Frienzer jeugd
Rudi en Johan grutte sponsors.
Troch dizze mannen ha de bern fan it jeugdwurk no harren eigen springkessen.
It bedriuw Sidijk ût Grou hat it springkessen levere en de reklame die't derop stiet is makke troch Sign Store ek ût Grou.
Op tongersdeitejûn 29 april is it oanbean oan de bern en moast der fansels ek efkes sprongen wurde.
As it waar it ta lit sille we dizze wike it springkessen foar de earste kear yn Friens opsette.
Sadat de bern efkes wat langer springen kinne as ôfrûne tongersdeitejûn.
ús TANK giet dan ek ût nei Rudi en Johan en wy hoopje mei syn allen dan ek dat wy yn lingte fan dagen,
der in hiel soad springwille oan belibje meie!!
Bern en Lieding Jeugdwurk.
Nijs Jeugdwurk Friens
Maatskiplike stage.
Der ha sa'n 6300 learlingen meidien oan de maatskiplike stages fan de middelbare skoallen.
Sa ha Hendrik Zeinstra en Theunis Hoekstra hun stage by it jeugdwurk fan Friens dien.
Fanôf Septimber 2009 oant en mei April 2010 moasten sy 30 oeren stage rinne.
Justermiddei wie de útrikking fan de sertifikaten op de OSG Sevenwolden yn Grou.
Ek krigen de beide jonges ût hânnen fan Marjolein en Sietie in doaske merci as tank foar hun ynset.
Wy hoopje dat de bern die't dizze stage dien ha, leart ha om ek in stientsje by te dragen
oan de maatskippij en dér net altiten jild foar krije.
Er zijn op dit moment geen afbeeldingen in deze gallerij.
Peaskenifeljen
Jeugdwurk Friens
Hast eltsenien wie der dizze middei by allinne Jentsje net.
Foar dizze middei hienen we Diane v.d.Meulen útnoege om mei de bern te nifeljen.
Jurjen, Sybren, Nynke, Wianne, Marije en Noah ha earst in potsje opferve, dêrnei ha se in aai makke fan piipskom mei mos.
En doe ha se it gehiel opfleure mei buxus, fearkes, lint, pykjes en in hazze en as alderlêste kamen der noch plakkers yn de foarm fan in hintsje en in hazze op it potsje.
De trije grutte jonges Jeen, Wytze en Sido ha oan de slach west mei hea en mos. Hjir ha se in hazze fan makke dy’t letter fêst makke is oan in aaikuorke.
Dit kuorke is noch opfleurt mei blauwe drúfkes, titelroaskes en in fioeltsje. Noch wat aaien en sisal derby en as alderlêste in noas en snorhieren derop en doe wie it klear.
It wie foar hun noch in hiel wurk mar mei help fan Diane, Anke, Theadora en Sietie gongen se allegearre mei wat moais foar de Peaske nei hûs.
Sjoch mar nei de foto's.
Ek ha de bern noch efkes oan de tafel sitten te tekenjen en kleurjen. Foar de lytse poppen fan Mirjan en Wietske. Dizze froulju hawwe jierrenlang yn de lieding fan it jeugdwurk sitten.
It wie in gesellige,drokke mar slagge middei!!
Jeugdwurk aktiviteit skilderjen
Op sneon 13 maart ha de bern fan it jeugdwurk oan it skilderjen west yn it Lokaeltsje.
Fan Sinteklaas hienen de bern it materiaal sa as skilderdoeken en ferve al krigen,
en dêrmei binne se dan ek drok oan de slach west.
Mei Sido, Nynke, Jurjen, Sybren en Noah wie de groep net sa grut, mar se hawwe har tige fermakke.
Mei wat drinken en snobbersguod wie it samar fjouwer oere en koe elkenien wer op hûs oan.
We hoopje de folgjende kear op wat mear bern!!
Friens swingt
Disko fan it jeugdwurk!!
Fanôf 19.00 oere koenen we yn it Lokaeltsje komme.
Wa wienen der: Wytze, Jelte, Mark, Jentsje, Sido, Hessel, Harm, Jurjen, Jetse, Sybren, Sejer, Nynke, Baukje, Wianne en Marije, Marjolein, Anke, Hendrik, Theunis en Sietie.
Ek ha we spultsjes dien. Stuolledûns,"Chinese Muur" en Ballonnen traapje twa tsjin twa.
We koenen twa kear frisdrinken krije, sjips en winegums......
Sido Boersma.
Hendrik en Theunis hienen dizze jûn betocht en organisearre.
Sy hienen it Lokaeltsje moai oanklaait en Theunis wie dizze jûn de DJ.
Eltsenien mocht ien as twa freontsjes/freondintsjes meinimme.
Rûn de klok fan 21.00 oere wie it ôfrûn en koe eltsenien wer op hûs oan. We fûnen it in tige gesellige slagge jûn.
Kerstactiviteit
Woensdag 23 december kerstaktiviteit.
Met Sido, Nynke, Wianne, Marije, Jurjen, Sybren, Noah, Wytze en Jeen gaan we deze ochtend onze kerstactiviteit doen in it Lokaeltsje. Theadora, Marjolein, Anke en Theunis waren deze ochtend beschikbaar om te assisiteren.
Ook was er hulp van Lies ook omdat we deze ochtend gebruik maken van de oven in hun keuken.
Om 9.30 uur begonnen we met knutselen.
Iedereen kreeg een waxinelichtje, een glazen potje en een bierviltje met een waxinelichtje erop.
Toen mochten de glazen potjes versierd worden met kerststickers en de bierviltjes beplakt worden met macaroni in diverse soorten en maten. De kinderen mochten zelf een kleur uitzoeken dat over de macaroni gespoten kon worden. Goud- zilver of koper en ze mochten een kleur glitter uitzoeken wat er als laatste over heen werd gestrooid. Dit alles werd door Theunis keurig gedaan. Na deze aktiviteit gingen we aan de slag om lekker hapjes te maken van bladerdeeg.
Als eerste gingen de kinderen een ham-kaas broodje maken, vervolgens een saucijzenbroodje en als laatste een worstenbroodje. Na een paar minuten in de oven waren ze klaar om op gegeten te worden.
De meeste kinderen aten het direct op en smulden er heerlijk van!! Een enkeling nam het mee naar huis om het daar op te eten of te bewaren voor heit of mem...... Rond 12.00 uur ging iedereen naar huis maar we verwachten niet dat er veel gegeten zal worden thuis. We kunnen terug zien op een geslaagde laatste aktiviteit van 2009!!
Theunis Hoekstra.
Zie ginds komt de stoomboot......
Ook dit jaar en wel op zaterdag 28 november kwamen er twee zwarte pieten naar Friens om bij het jeugdwurk het Sinterklaasfeest te vieren.
Dit jaar echter zonder Sinterklaas die moest elders in het land zijn.
Daar de zwarte pieten nog even op zich lieten wachten werd er begonnen met een mooi sinterklaasverhaal dat werd voorgelezen door Marjolein.
Na het sinterklaasverhaal waren de zwarte pieten nog altijd niet gearriveerd.
Marjolein kwam toen met het idee om de zwarte pieten maar te gaan zoeken.
Eenmaal buiten zagen we nog geen zwarte pieten. Maar opeens hoorden we de kerkklokken luiden...hé dat was vreemd het was nog geen vier uur.
Ook hoorden we iemand op een toeter blazen dit geluid leek wel uit de kerktoren te komen......
De kinderen renden naar de kerk, eenmaal bij de kerk aangekomen hoorden we de geluiden nog steeds en ja hoor daar waren de zwarte pieten,ze zaten opgesloten in de kerk.
Dus moesten we de sleutel van de kerk maar ophalen bij de koster van de kerk Piet Sjonger.
Piet was echter al op de fiets op weg naar de kerk om te kijken wat er aan de hand was omdat hij ook de kerkklokken hoorde luiden terwijl het nog geen vier uur was.
Nadat Piet de deur van het slot had gedaan ging iedereen naar binnen.
Toen we binnen kwamen bleken de pakjes ook nog eens verstopt te zijn,dus moesten de kinderen helpen de pakjes op te zoeken.
Toen alle cadautjes waren gevonden gingen we met zijn allen terug naar it Lokaeltsje om daar de pakjes uit te pakken.
Daarna deden we nog stoelendans ook de zwarte pieten deden mee maar die waren al snel af.
De winnaar van de stoelendans was Jeen Brinksma.
Toen was het de hoogste tijd voor de zwarte pieten om weer verder te gaan.
We kunnen terug zien op een hele leuke geslaagde middag!!
Hendrik Zeinstra.
Een filmpje op Reduzumonline
Hjerstnifeljen
Woansdei 21 Oktober
Dizze moarn binne we om healwei tsienen ûtein setten.
Wytze,Sido,Jurjen,Sybren,Nynke en Noah.
Ek de twa lytse berntsje Annemarijn en Jelle wienen der op dizze moarn by.
Dat fûnen se wol hiel gesellig.
As begelieders wienen Theadora,Anke,Theunis,Hendrik en Sietie yn it spier.
We ha krânsen opmakke mei hjerstmateriaal.
Mos,Klimop,Kastanjes,Ikeltsjes en Lampiontsjes........
De bern hienen der in soad nocht oan en hawwe dan ek flink oan it wurk west.
Foar eltsenien wie der in glêske fris mei in pûdsje sjips.
Wat der fansels wol yn gong!!
Wa't klear wie mei de krâns koe noch in blom,appel,par as in blêd opkleurje.
De bern meitsje dit foar Piet en Sytske.
Anke hat in krâns omwikkele mei klimop en dér oan ha we de ferskillende
dingen ophongen wat in hiel aardich gehiel wurden is.
Theadora sil dit ût namme fan de bern fan it jeugdwurk by Piet en Sytske bringe.
Om healwei tolven wie eltsenien klear en koe de brot opromme wurde!!
We kinne werom sjen op in tige slagge moarn.
Sietie
Reiske Jeugdwerk
We binne wer útein setten mei it Jeugdwurk.
Om te begjinnen binne we ôfrûne sneon 29 Septimber mei alle 10 bern dy’t der op dit stuit by it Jeugdwurk binne nei Aqua-Zoo west.
Jentsje, Sido, Nynke, Wianne, Marije, Jurjen, Sybren, Noah, Jeen,en Wytze.
As riders en begelieders wiene Theadora, Marjolein, Anke en Sietie mei.
Om't Hendrik Zeinstra en Theunis Hoekstra fan Septimber oant en mei Maart 2010
in maatskiplike stage by it jeugdwurk dogge wienen sy dizze middei ek mei.
Wat de bern prachtig fûnen!
We hiene de bern yn trije groepkes ferdield en sa binne we oan de hân fan in speurtocht
en de buordsjes Zoo te folgjen troch it park gongen.
Underweis leine der ek noch wetterfytsen en boatsjes en troch it prachtige waar, wat we dizze
middei hiene, moasten mei nammen de âldste bern der al efkes yn.
En droech bliuwe foel dan net ta!
Doe't we allegearre op it ein wiene hawwe we earst mar in ysko hân.
Rûn 17.00 oere binne we yn de auto stapt op wei nei de kroech yn Reduzum.
Dêr hawwe we allegearre lekker patat iten mei in blikje chocomel as Fristi.
Om 18.30 oere wiene we werom yn Friens.
We kinne werom sjen op in tige slagge middei.
Ut namme fan it jeugdwurkbestjoer,
Sietie
|