Dorpssite Reduzum / Friens

Jeugdwurk aktiviteit skilderjen

Op sneon 13 maart ha de bern fan it jeugdwurk oan it skilderjen west yn it Lokaeltsje.
Fan Sinteklaas hienen de bern it materiaal sa as skilderdoeken en ferve al krigen,
en dêrmei binne se dan ek drok oan de slach west.
Mei Sido, Nynke, Jurjen, Sybren en Noah wie de groep net sa grut, mar se hawwe har tige fermakke.
Mei wat drinken en snobbersguod wie it samar fjouwer oere en koe elkenien wer op hûs oan.
We hoopje de folgjende kear op wat mear bern!!