Dorpssite Reduzum / Friens

Jiergearkomst Linepraat

Ferslach fan de jiergearkomste fan Linepraat op 8 maart.


Iepening fan de gearkomste efkes nei healwei achten troch foarsitter Blijke.

 

Oanwêzich binne: Gerry, Sytske, Tsjeppy, Blijke, Anneke, Geeske, Jantsje, Tineke Koopmans,

Anneke Boonstra en Harke vd Wal (Doarpsbelang Reduzum)

Ofmeldings fan: Afke en Anke v Gorkum, Henk.

 

Der binne gjin meidielings en ynkommen stikken.

 

Oer de oantekens fan de foarige jiergearkomste (Atsje) en it jierferslach (Tsjeppy) binne gjin opmerkings.

 

De finânsjes binne in bytsje achterút gongen omdat skoalle foar de stinselmasine € 500.- ekstra krigen hat en hjir no mei-elkoar € 2500.- foar kriget.

 

Yn de begrutting foar it kommende jier binne der mear kosten meinommen, ek mear papierkosten.

It foarstel om de advertinsjetariven te ferheegjen mei 10% is goedkard. Doarpsbelang Reduzum stelt dan as foarwaarde dat de skoalle dan totaal € 3000.- krijt foar de stinselmasine. De postadressen krije dan ek in brief dat se sels tenei alle postsegelkosten betelje moatte, harren kosten wiene € 16,- en wurdt no €25.- jier om lyk te draaien.

Losse advertinsjes wurde fan € 6.50 (1/4 side) oant €15.- (hiele bledside).

De meidielings gean omheech fan € 1.20 nei € 1.50. Alle advertearders krije yn juny in bysletten priislistje mei de ôfmjittings derby, foar it nije jier.

Harke freget hokker masines Linepraat sels hat : dit binne 2 elektryske nytmasines en in computer. De stinselmasine wurdt leased troch skoalle en Linepraat betellet dêr oan mei. Troch de komst fan e-mail wurdt der folle minder gebrûk makke fan de stinselmasine troch ferienigingen en dêrtroch binne de ynkomsten foar dizze masine bot werom rûn.

Harke sit wylst te skriuwen en rekket flot út, dat 11 kear Linepraat, kear 600 abonnees, kear 50 bledsiden, útkomt op 1 miljoen bledsiden yn´t jier. At je dit dwaan litte op in supermoderne boekjemasine yn in Copyshop, de kosten dan sa’n € 10.000,- wêze soene. No kostet de Linepraat

€ 4000,- (makke troch frijwilligers!!!). Dus besparje wy € 6000,- per jier !!!

 

It finansjeel ferslach fan Sytske is neisjoen troch de kaskommisje Afke en Tjeerd. Omdat se der beide net binne, komt it grutte kas/bankboek op tafel en besjocht de foarsitter de beide hantekenings en jout har goedkeuring. De nije kaskommisjeleden binne Afke en Geeske.

 

Foar de bestjoersferkiezing binne der gjin nije kandidaten oanbrocht en Sytske wol har 9 jier wol fol meitsje, dus giet sy noch 3 jier troch as penningmaster.

 

 

Evaluaasje en takomst/ideëen

Elts fan de oanwêzigen is wol tefreden sa’t it no giet.

De stikjes dy’t oanlevere wurde troch lêzers, wurdt wol op priis steld. Dizze stikjes wurde dan ôfdrukt yn de taal wêr’t it yn oanlevere wurdt. Belangrike meidielings wurde al yn’t Nederlâns oanlevere, skoalle, húsdokter en sa, mar as Linepraat wolle wy ús Fryske taal ek net misse en sille we ek net sok “dreech” Frysk brûke. Ek bûtenlânske stage-ferslagen binne aardich om te lêzen.

Harke merkt op dat hij de “konkurrent” de Reduster website opsetten hat en dat beide moai neist elkoar bestean kinne en dat de Linepraat ek noch groeid is mei mear oplages (600) en mear bledsiden.

Hjir blykt út, dat langere ferhalen en ferslagen harren it bêste liene op papier. De redaksje moat der wol om tinke dat der net te folle tekst yn de stikken komt. As foarbyld; de húsdokter-bledsyiden; dizze wurdt sa oanlevere en wolle wy net yn skrappe.

Ek it lettertype moat net lytser fynt elts. Miskien is in glêde omslach út 1 stik noch in idee. Opmakke mei tekeninkjes en sa kin ek (hat in lệzer hjiroer ideeën foar tekeninkjes of stripferhalen?).

Dit jier wie de kolofon nij + bledside nûmering, dit wurket wol oersichtlik

Dan krijt Gerry in plúmke foar har neisjochwurk fan alle teksten om taalflaters te foarkommen.

Mar it is wol dúdlik dat op dizze wize fan Linepraat meitsjen de frijwilligers jild besparje en de kosten sa leech mooglik hâlde !!!

 

Rûnfraach:   
Harke wol witte wat in redaksjefergadering ynhâldt; Op woansdeitemiddei (ien wike foar de lêste tongersdei fan’e moanne) komme wij byelkoar; Geeske (sy krijt op de computer alle ynstjoerde stikken binnen + bryfkes), Sytske (Friens), Anneke (Idaerd), Blijke, Henk (foar skoalle en de wistenjodatjes) en soms Jantsje (freelancer). De measte stikken binne al digitaal oanlevere, wat op papier oanlevere wurdt, ferdele we en type dit dan thús op de computer en stjoere dit dan wer nei Geeske ta.

We beprate dan de ynkommen teksten, advertinsjes en meidielings. Politike stikken wurde net pleatst, útsûndere útnoegings foar fergaderingen.

Anneke Boonstra wol witte bij hokker strjitte of besoarchrûte har skoanâlders hearre, omdat se faak ferjitten wurde en se freget oft Geeske yn de fakânsjes ALLE Linepraten allinnich rûnbringt. Dit antwurd is nee, se wurde dan ferdield ûnder de minsken dy’t dy tiisdeitejûns mei elkoar de Linepraat makke ha.

 

Foardat Blijke de jûn slút om 20 oer njoggenen, tovert se in blau fioeltsje út har tas en jout se dit oan Geeske foar it hiele jier wer yn elkoar setten fan de Linepraat op de computer.

 

                                                                                                                 Anneke.