Wisten jo dat...
- der minsken binne dy’t foar de fakânsje in nije fytsdrager keapje?
- der tsjintwurdich in hiele protte “elektryske” fytsen binne, mar der gjin twa op sa’n drager passe?
- it dan ek hiel sneu is as by it thúskommen dúdlik wurdt dat ien fan de fytsen ûnderweis ferlern is ?
- it gelokkich allegear noch goed beteard is, om’t it yn in bocht flak by hûs bard wie ?
- it noch hieltyd net útiten is oft der oer fjouwer jier wynmûnen komme of net?
- de gemeenterie noch in beslút nimme moat en de provinsje dan wer oars gearstald is?
- de roeken op It Langstek yn’e maitiid mear lawaai meitsje as tsien wynmûnen?
- it sicht fan fûgels op wjukken allinne folle moaier is as draaiende wjukken heech yn’e loft?
- de kaart-winter-kompetysje fan Friens de útslach bekend makke hat?
- der seis prizen te ferdielen wiene en dy alle seis wûn binne troch Redústers?
- de Frienzers grif stiekum de hiele simmer trene sille om aanst better foar’t ljocht te kommen?
- men dat nei alle gedachten net yn’t Lokaal docht, mar by Kees H. op’e pleats?
- de hoekspegel op’e Bile yn Friens al mannich ûngemak foarkommen hat?
- Jelle Boersma wol ris pine yn ’t ear hat en dan master Henk bellet?
- hy it lêstdraaide nûmer knopke fine kin en Jaring-Jan krekt de nije papier-ophellist trochjûn hie?
- Durk Visser in grut part fan it âlde Friens oer de kop helle hat om de skatten fan Beslinga te finen?
- de heechste groep fan de TDS it Rabo-bankbattleSpul wûn hawwe ?
- it gefolch is, dat alle bern troch in karikatuer-tekener prachtich op papier set binne?
- der in fototastel fûn is by it bankje tsjinoer it gemaal oan de Nylânsdyk/ Swette?
- Rigtsje en Klaas de Groot koartlyn sechstich jier troud wiene?
- sportyf jeugdich Reduzum it doarp dizze maitiid goed op’e kaart set?
- de earste keatskrânsen al wer hingje by Klasine, Harm en Hattum ?
- Jesper omraak heechspringe kin mar ek geweldich drave en Harm hast skeelerkampioen is?
- de kuorkeballers fan de TDS mei fiif earste prizen thúskomme fan in regionale foarronde fan it FK?
- soks eins net sûn is en ek wol in bytsje de earmoede oanjout fan skoalkuorbal yn de regio?
- it oansjen fan it tsjerkje fan Eagum in hiel ein opkreaze is ?
- de tsjerke wer te sjen is, in helder grintpaad oanlein, nije beplanting en in pear parkearplakken ?
- fan de houtsnippers op it parkearterreintsje oan de Stânfriesstrjitte al moai wat opromme is?
- salang dêr snippers lizze, jo dy dêr sa wei helje meie en de omwenners jo tankber binne ?
- der in grutte dielname oan de unike “100 jier Blauwe Tinte”- fytstocht ferwachte wurdt ?
- ek dizze kear gjin útsûndering makke wurdt en jo nei ôfrin net in lekker kâld pilske keapje kinne?
- Idaerd dan net altyd oerrint fan it kuorbalentûsjasme, mar snein om healwei fiven wol melde koe dat Mid-Fryslân fan AKC wûn hie en dat hja troch de winst fan SCO op Vada koprinner binne?
- der yn de doarpen wer in ôfspraak makke is it gers te meanen ?
- de oanbestedingsbryfkes op 2 maaie lêzen wurde koene en de ynleverdatum ek 2 maaie wie?
- soks in frjemd spul is , wylst yn in normale maitiid it gers dan ek al in heale meter heech stiet?
|