Dorpssite Reduzum / Friens

Wisten jo dat...

Juny 2011

  • jo de Linepraat al wer in hiel jier foar nul sinten gratis en fergees yn’e bus krigen hawwe?
  • dit allinne mar kin tanksij de fêste ferieningsbydrage en ús grutte groep advertearders?
  • wy fansels ek in rekkennûmer hawwe foar de frijwillige bijdragen (mei tank yn’t foar!)356252612
  • it spitich wie dat de fytstocht ta gelegenheid fan de 100 jier Blauwe Tinte sok min waar trof?
  • it dy dei reinde en waaide dat it rikke en foar guon minsken de tocht letterlik suver yn’t wetter foel?
  • de folgjende jubileumtocht (oer hûndert jier) mar net wer oer de smelle betonpaadsjes moat?
  • Julius Huistra op de topskoarerslist fan ús gemeentlike fuotbaltiims op it fyfde plak einige is?
  • Dokkumer Syb syn rêst, mar ek nije enerzjy fynt yn de Greidhoeke: efkes resette oan de Swette?
  • der gelokkich noch altyd minsken binne dy’t spesjale krantestikjes yn myn brievebus goaie?(DSB53)
  • sokke stikjes gean oer (ynwenners fan) de trije doarpen, mar net opfallend yn de LC steane?
  • Hille Bergsma, tiimlieder fan Donia State yn Stiens de oarkonde krige foar it “leukste uitje”?
  • de bernebuorkerij, rund troch minsken mei in ferstânlike handikap, earder yn de Greidhôf siet?
  • it noch al wat fuotten yn’e ierde hie ear’t ‘it spotsje’ fan de bistedokter opnommen wurde koe?
  • âld-Redúster Monte Huizinga de ôfrûne moanne(n) hjir haadregisseur wie fan “Doch it foar…”?
  • hy him de fuotten ûnder it liif wei rûn hat, hearlik entûsjast wie, mar in prachtige tiid hân hat?
  • soks foar mear minsken jildt, it grutte barren tige slagge is, mei de kompliminten fan de Linepraat?
  • it moaiste yn myn eagen is dat it droegen waard troch, mei permisje, in net alledeiske organisaasje?
  • de keatsclub hiel orizjineel út ’e hoeke kaam mei in prachtige, suver oangripende, ‘welpen PC’ ?
  • Sjongnocht “hoffotograaf” Piet Elzinga betanke en him ferearde mei in nij fototastel ?
  • Friens syn eigen húske-karre hat en de wein foar ’t earst brûkt is op’e brulloft fan Peter en Wietske?
  • dy wein sa goed foldie, dat er no troch oare ynstânsjes hierd wurde kin (Doarpsbelang Friens)?
  • yn Friens de postkoade strjittepriis fallen is en men mei-inoar nei André Rieu yn Amsterdam koe?
  • it lang ferlyn is dat der sa’n grutte bus de âlde Middelseedyk del riden is?
  • de jeu-de-pelote ploech fan Reduzum yn de earste omloop fan it FK fan Makkum wûn hat ?
  • men it yn de twadde omrin sûnder Piter (siet fêst yn de Skobberdebonk) net rêde koe ?
  • kuorbalferiening MidFryslân snein syn kampioensresepsje hold en de Grouster kantine fol wie?
  • de keatsclub Jan Reitsma wer hiel orizjineel út deselde hoeke kaam ?
  • de kuorballers in skeppe krigen, dy’t no wol nedich wêze sil foar de oanlis fan it keunstgersfjild?
  • it hiel moai is dat de sportferienings mei-inoar de lêste jierren maklik troch deselde doar rinne?
  • de keninginne ferline wike tasein hat dat se mei de merke yn Reduzum der ek by wêze sil?
  • doe’ t Bea dy sneons foar de televyzje kaam, it apparaat by Tsjerk en Anneke spontaan knapte?
  • dyselde sneons by Jan en Doet Vollema in prachtige fôle it libbensljocht seach?
  • ús jonge fuotballers moai waar hiene doe ’t se mei de bus nei Denemarken wiene foar in toernoai?
  • Anneke Boersma en Durk van Gorkum tegearre in konsert foar fioele en oargel fersoargen?
  • dit ferline wike snein barde yn de tsjerke fan Friens ta gelegenheid fan de Greidhoeketsjerkedei?
  • ôfrûne snein al wer in bysûnder barren wie yn tsjerke, doe’t ôfskie nommen waard fan Carl Visser?
  • de Kerkenpad-kommisje drok dwaande is mei de útstalling fan skilderijen fan Gauke Hof ?
  • ferskillende minsken in echte Jaguar yn it lân seagen, doe it gers oan de strjitwei ynhelle waard?
  • famylje Bijl efkes útstapte en fertrêde by in Raststätte oan in Dútske snelwei en dêr in tas fûn?
  • dy tas iepen gie en bliken die, dat dy thúshearde by âld-Redúster Rigtsje de Vries?
  • der no al kûgelgatten sketten binne yn de oanplakbiljetten fan de American Summer yn Idaerd ?