Wisten jo dat...
- der freed 26 juny in trouwerij plak fine sil mei in grut tal Amsterdamse gasten?
- it in hiele stap foar dy minsken wurdt: fan de grutste stêd nei ien fan de lytste doarpen fan Fryslân?
- Minke en Claire harren gasten ûntfange sille yn trije tinten: in Amsterdamse kroechtinte, in spultsjetinte en in loungetinte?
- Tjipke Wijma syn auto al wiken te keap stien hat op wol fiif ynternetsiden mar nimmen reagearre?
- hy him in protte gedoch besparje kind hie: de buorlju (Gerrit en Akke Blom) kochten him !
- Hoite syn oldtimer Fendt-trekker wol in pak hea perse kin mei in pers dy’t wol twa kear sa grut is as syn eigen trekker ?
- de fytsrûtebuorden , dy ’t mei âld en nij fernield wiene, no gelokkich wer klear binne?
- Sigrid en Janet, ferline jier op ‘e foto kommen yn ’t nije Swinlânledlampeljocht no BN-ers binne?
- Henk V. harren tsjinkaam op www.energiebesparinggww.nl doe’t er oan’t zappen wie?
- de bern fan groep 7/ 8 it sa dreech hawwe op skoalle dat se bij de TSO fan Wilma yn sliep falle?
- Afke Krikke, ús meitinker, yn it Griene Krúsgebou har sittings hâldt?
- jo dus net nei de Terp ta moatte of sykje by de Greidhôf op tongersdeis tusken 10.30 en 11.30 ?
- Klaske Tigchelaar fanôf begjin augustus kapsalon Papillot fan Greetje oernimt?
- soks fansels in hiele frjemde gewaarwurding is, mar it foar Anne en de bern ek goed is dat de saak sa gau mooglik trochset wurdt?
- Idaerd, nei mear as tritich jier koster Gerrit mei Jitske, op jacht moat nei in nij kosterspear?
- Jan Henstra mei de bern fan groep 7 al ferskeidene tsjerken besjoen hat ?
- hy yn Idaerd neat yn te bringen om ‘t Hester alles regele hie en dat neat sizzen net tafalt foar Jan?
- der minsken binne dy’t opnij begjinne te roken om wer by in groep kollega’s te hearren?
- soks jo ek noch ris in nije baan opleverje kin?
- de feesttinte yn Friens sneon wol ris grôtfol sitte kin, as alle Freonen fan Friens dêr wolkom binne?
- Grou al sûnt minskeheugnis syn FFF-feesten hat, mar dit it earste FFF -feest by Kees en Tryntsje is?
- de goudkoarts altyd taslacht yn krisistiden en de earste goudsiker yn Reduzum waarnommen is?
- it no te hoopjen is dat de mannen fan Julius Caesar of de wylde Wytsings hjir húsmanne hawwe?
- Skieringers en Fetkeapers hawwe hjir grif sitten, mar allinne de slach by Tsienzerbuorren bekind is?
- de Terp dan wol folslein oer de kop skuord wurdt, mar de kij fan Jan en Minke rêstich stean bliuwe?
- de tsjerken fan Reduzum, Friens en Eagum de hiele simmer wer iepen tidens de Tsjerkepaaddagen?
- kommende freedtejûn de MidFryslân-skeelertocht wer holden wurdt?
- dit jier foar it earst der ek op’e autoped oan de tocht meidien wurde mei ( bygelyks 10 km )?
- Anneke, Hindrik en Ale ôfrûne wiken alle jûnen op it skoalplein wiene by de ”the making of….”)?
- suver alle âlders fan groep 7/8 wol in jûn meiwurke hawwe en soks ús tige goed docht?
- de mannen fan de jeu de pelote-ploech der dit jier nei de earste ronde al út leinen?
- Roel Witteveen syn tsiende alvestêdetocht útrûn hat en dêr in spesjale medalje foar krige?
- silen nei alle gedachten de nije topsport fan de trije doarpen wurde kin mei al in pear kear de Flits- haadpriis foar Jorrit Bonnema, mar ek al ris in earste plak yn de Valk foar feedokter Menno?
- we sneon wer del komme om jo foar de fakânsjes fan alle âld papier ôf te helpen?
|