Wisten jo dat...
- Jaap van der Leij mei syn húshâlding in skoftke op it yndústryterrein yn Grou wennet?
- lytse Mik, syn soan, it mar neat fynt dat syn heit it hiele hûs ôfbrekt ?
- de Ljouwerter krante de lêste wike aardich ynset op Idaerder famkes ?
- earst Anouk, Romy en Hillie fotografearre waarden op de needbrêge yn de Ayttawei ?
- noch gjin wike letter der in hiel artikel oer Danique en Britta Wynia ( mei foto) yn de krante stie?
- ek in âld Idaerder fan har sprekken docht yn it Radboudsikenhûs yn Nijmegen ?
- dokter Tjitske Kleefstra in oant no ûnbekende sykteferoarsaker ûntdutsen hat en dat neist bygelyks it bekendere syndroom fan Down, der no ek in syndroom fan Kleefstra yn ‘e medyske boeken komt?
- in ferneamde Mid-Fryslân-supporter syn fototastel kwyt wie op’e tribune yn Almelo ?
- alle tribunes ôfsocht waarden nei ôfrin, de halbehearder ynskeakele, mar nearne wat te finen wie?
- de jas yn’e waarme bus út kaam en it tastel, oan in polsbantsje, út’e mouwe rûgeljen kaam?
- de molke fan Bergsma no al in wike lang nei de tankwein by de Blauwe Tinte brocht wurdt?
- it nije beton by de pleats earst goed úthurdzje moat ear’t sa’n swiere molkwein it hiem op kin ?
- der yn dizze LP in oprop dien wurdt oan ferpleechkundigen om mei minsken mei MS op it fakânsjepaad te gean?
- ek EuropaKinderhulp in oprop docht foar fakânsje-adressen foar bûtenlânske bern?
- we op’ e televyzje yn Hea sjen koene, dat Anke fan Ronald oerdei oefent yn ‘ e keuken fan Leppehiem, sadat se jûns foar him lekker iten sierde kin ?
- ” Muoike “ Marrit de Schiffart yn Heit en Mem in moai ferhaal skriuwt oer de poppe-fokabulêre?
- Friens in hiele bysûndere moanne belibbe mei de berte fan trije(!) bern, ien Sara en ien Abraham ?
- foar de rubryk ‘ ynstjoerde wisten jo’s ‘ we melde kinne dat Ron Hekman no al in jier lang inkelspul kampioen fan de tv Stânfries is en hy yn Klaas de Boer syn maklikste opponint hie ?
- de tennisferiening in hiele protte snippers rûnom har terrein brocht hat om túch tsjin te gean?
- der noch in tal kroaden fol oerbleaun binne dy’t troch in leafhawwer fergees ophelle wurde kinne ?
- dy snippers te finen binne op it (no wer )sûkerskjinne parkearterrein by it sportfjild ?
- de bern fan groep seis fan de TDS alle boarterstunen, de boskjes om it sportfjild, de bank, de skoalle mei gymseal en de struken rûnom de tennisbaan allegear skjin makke hawwe ?
- der dit kear gjin einaaien of deade katten fûn binne, mar wol in fyts út ’e sleat helle is?
- der sels op sneintemoarn noch troch in ploechje warbere Swinlanders en Bangmastrjitters himmele is?
- miss Afghanistan miskien wol yn Reduzum wennet?
- Mojgan Keyam (wy sizze Moeska) al troch de searje foarrondes yn Amsterdam hinne is?
- bij oare ferkiezings Dukke Zylstra like folle foarkarstimmen ( 22) krige as master Piter?
- in oare Redúster dit kear foar master opsloech en Jan Galama mear as 900 stimmen krige?
- der oan it Swettepaad no al moannen lang tusken de 50 en 60 swannen har gerak sykje?
- it earste ljipaai fan de Trije Doarpen Skoalle sneintemoarn fûn is troch Hessel de Ree?
- jo sneon de âld-papier-perswein wer yn de measte strjitten ferwachtsje kinne?
|