Wisten jo dat...
- de skuorre fan Ale en Trea van der Sluis yn Eagum al hielendal plat leit?
- der minsken wiene, dy’t tochten dat de pleats, oan de oare kant fan de dyk, plat soe?
- Oeltsje Velstra fan Idaerd in ûnderskieding fan it keatsbûn krigen hat foar 40 jier sportpromoasje?
- yn it museum De Trije Gritenijen in útstalling is oer de luchtoarloch boppe MiddenFryslân ?
- de bern fan groep 7/8 der hinne west binne en”as mûskes” wiene bij de ferhalen fan twa tsjûgen?
- datselde museum graach in nije ynternetside bouwe litte wol en dêrta in frijwilliger siket?( 602100)
- fan dyselde bern der ek twa yn de toptsien einigen yn de finale fan it Grut Frysk Jeugddiktee?
- it ek foar de oare bern dy’t meidwaan mochten in belevenis wie dêr yn ‘e Steateseal te sitten?
- dizze jonges en famkes ek meidwaan sille oan de 4-maaie betinking?
- de earste stap setten is en it monumint by de tsjerke kreas himmele is?
- dyselde jonges en famkes ek noch ris de provinsjale BankBattle fan de Rabobank wûn hawwe?
- de priis, in moarn lang in ‘ sneltekener ’ op skoalle, hiel ferrassend is?
- de Mûnegroep, Doarpsbelang en de Buskommisje plannen hawwe om te kommen ta de oanskaf fan in hybride- of elektryske skoalbus?
- sa’n bus grif in ton kostje moat, mar dat hast de helte dêrfoar al by Rein rinte docht?
- Roto, it Redúster Toanielselskip, fierwei de heechste skoare hie yn har klasse?
- troch de earste priis mei it Flatsoadsje men no de klasse ‘by útstek’ spylje mei ?
- de Greidhôf no einliks wier wier yn’e ferkeap giet, mar it fansels fierstente let is?
- it gebou no al mear as twa jier leech stiet en eltse dei minder wurdich wurdt?
- Doarpsbelang sit te wachtsjen op in nije namme foar it Masterplan 2010-2020 ?
- in bushokje op’e Trije Romers oan de doarpskant sa’n € 4000 kostje moat?
- der op’e Doarpsgearkomste noch gjin urnemuorre komme mocht, mar twa wike letter wol?
- de Rabobank hjir yn it doarp ticht giet mar Reduzum soe Reduzum net wêze as der net wat spesjaals foar weromkaam?
- de gleuf gewoan bliuwt, mar de bank in firtuele bank wurdt, unyk yn Fryslân?
- jo dan alle hannelingen dwaan litte kinne fia in kommunikaasjesysteem yn’ e muorre?
- Geurt van de Weg dizze wike hiel geregeld te beharkjen is foar Omrop Fryslân?
- hy al 25 jier by it Filmhûs wurket en ynkoarten FUT giet en no alle dagen tips jaan mei?
- de Rommelmerk yn Idaerd foar Hiltsje Douma har goede Afrikaanske doel tige slagge is?
- de Midfrieslander dêroer ferslach útbrocht mar dat lardearre mei wat eigen fantasij?
- Reduzum der wer in artyst by hat: Marianne Kemmere de rol fan Maria song yn de Sound of Music?
- Egge en Bea yn de Blauwe Tinte fla op fersyk ferkeapje, mar standert in patatsje Frede ?
- it der krekt sa útsjocht as in patatsje oarloch, mar Bea fynt dat der genôch oarloch yn’e wrâld is?
- der ôfrûne sneon wer moai wat âld papier oan de dyk stie?
|