Dorpssite Reduzum / Friens

Wisten jo dat...

Mei 2010

  • op keninginnedei de Fryske flagge op’e toer stie?
  • it in hiel o-heden west hat om de klok fan dizze toer op’e goede tiid te setten?
  • de klok mar ien ris yn ‘e wike feroare wurde kin en jo dus neat ‘besykje ‘ kinne?
  • Hester no it goede knopke fûn hat en de klok net mear twa oeren te betiid slacht?
  • op 12 juny it wer iepen dei is op in grut tal sakeklup-bedriuwen ?
  • Marjan en Ale de Fisker dan ek iepen hûs ( en bedriuw ) hâlde?
  • de Bergsma’s yn Friens in wike letter iepen stâl hâlde yn de nije oanwinst ?
  • ús grutte Rommelmerk al oer fjouwer wike is ?
  • de toulûkerij om de Kromme Sleat fan Idaerd nei de steande mêst ta noch lang net útiten is?
  • it ek net ferkeard is dat it stik Swin lâns de Ayttawei útbaggere wurdt?
  • jo yn dizze Linepraat bygelyks in monolooch fan in âldere dame lêze kinne ?
  • Eagum no dochs trije nije hûzen en in haventsje kriget?
  • de Skateclinic in moai opstapke wie foar de MidFryslân-skeelertocht op 4 juny ?
  • bern oerdei al hiel entûsjast wiene, mar jûns der ek in moai ploechje  folwûksenen mei die?
  • de kuierders wer prachtich waar hiene en de bern de Swette-oerstek en de trochstek fan  Wytgaard troch it lân nei it fabryk it meast bysûndere fûnen?
  • it fytspadenboerd op’e trijesprong by Idaerd wer ynoarder brocht is?
  • der fanôf de winter in gat yn it boerd siet, krekt op it plak, dêr’t jo it net hawwe wolle?
  • nije wike it Spaanske feest losbarst yn Reduzum en dat eltsenien grif yn fakânsjesfear bringt?
  • it simmerske Merke-tema dit kear winter wurdt ?
  • ferskate minsken no al dwaande mei it sammeljen fan de blombledsjes fan de meidoarn of de Japanse kers ( as dy alteast bestiet) ?
  • Japanners de snie út ‘e loft toverje as der foar sportwedstriden net genôch fallen is?
  • Sjinezen it mei gemyske middels út in fleantúch reine litte yn tiden fan droechte?
  • Liuwe Tilma al jierrenlang maklik it paad fine kin fan Bar de Welp nei hûs (en oarsom …)?
  • master Henk no ek syn keninklik paad fan skoalle nei hûs ta krigen hat?
  • Liuwe syn eigen paad tekene, mar Henk tige nijsgjirrich is wa’t syn oranje rûte makke hat?
  • de Frienzer bern no harren eigen springkessen hawwe?
  • Frienspop ( Johan Bergsma) in pear sinten oer hie, Rudy Fennema ek elts jier in ynstânsje bliid makket en hja tegearre soargen foar in prachtich stikje berneboartersark?
  • de memmen fan de Frienzer bern it kessen earst útteste hawwe?
  • Hindrik Hofstra net allinne yn de bar sjongt, of yn de loads fan Sjoerd, mar ek by Omrop Fryslân?
  • hy mei faasje in gastoptreden fersoarge yn it programma Noardewyn?
  • Piet Douma fan Idaerd al jierrenlang miniatuerfrachtweinen boud ?
  • de Mid Frieslander dizze moanne Idaerd ek wer aardich op’e kaart setten hat ?
  • de pleatselike belangen fan Friens en Idaerd elts jier in list meitsje fan âldpapier-ophellers?
  • winsken of feroarings dus fia de PB-bestjoerssekretariaten rinne ?
  • it de kommende sneon wer de lêste fan de moanne is en der dus papier ophelle wurdt?