Wisten jo dat...
- de middenboubern al jierren mei de bus op skoallereis gean?
- it ek al jierren sa is dat we op de weromreis efkes fuotbalje, blikspuitsje, ijsko ite?
- it bakje patat ek nea ûntbrekt, dit kear 67 mei mayo en ien mei appelsmots foar Harm D.?
- der gelokkich noch hieltyd minsken binne dy’t aardige krantestikjes of artikeltsjes oer ús doarpen útknippe of kopieare en op skoalle bringe?
- de argyfgroep bliid is mei meitinkers en oplettende doarpsgenoaten lykas Piter en Trudy?
- dyselde stikjes, knipsels, artikels, foto’s nei de simmer eins yn’e bus moatte op DSB 53 ?
- it swier kealle hat, mar Alfred T. no wol hiel rigoreus te wurk giet?
- hy no alle foarsichtigens farre litten hat en dat yn’e opbou trochsette wol?
- juf Berber har túchslobbersdiploma helle hat?
- dêr neat mis mei is, om’t it tal skjinmakoeren op de skoallen hieltyd lytser wurdt?
- soks perfoarst net oan de skjinmakorganisaasje leit, mar oan de kar dy’t hegerop yn de oanstjoering makke wurdt ?
- Andries Smit sûnder bril in trochrinbal skoart, wat him mei bril eins nea slagget?
- der gjin seine rêst op ‘e fytsrûte-buorden Eagum/Idaerd/Wergea?
- ôfrûne maitiid it boerd op Idaerderhoeke krekt wer ferfongen is en no ek it boerd bij de Wergeaster Mar mei opsetsin oan gruzels slein is?
- in lyts fotokameraatsje dêr, boppe yn de lantearnepeal, faaks goed wurk dwaan kin?
- der minsken binne dy’t de poes sliepe litte op de jonge, eigen kweek, tomateplantsjes?
- it ornaris sa is dat sokke lytse plantsjes dêr mar min oer kinne?
- it iene nei it oare stâltsje brutsen wie en men der spalkjes fan sateestokjes bij setten hie?
- de bedoeling bêst genôch wie mar it risseltaat minder?
- in tal âld-learlingen fan de TDS wol hiel bysûndere bern wêze moatte?
- de slagge studinten fan VMBO-Grou net allinne harren diploma’s thúsbesoarge krigen, mar dat der ek noch ris in kameraploech fan Omrop Fryslân mei yn’e hûs stapte?
- Fryslân en omkriten de hiele jûn Hindrik,Theunis,Tineke en Jitske yn byld krije koe?
- Jorrit de G ek slagge is en hy syn diploma fierde mei in rûnrit troch dizze kontreien?
- syn blauwe autootsje stoppe by eltse útstutsen hân en hy foar dyjinge in stikje oranjekoeke út de efterbak fan de auto helle?
- de boat fan Roel stellen waard, mar Ale de Fisker syn eagen goed iepen hie ?
- de diefkes opwachte wurde soene by de Syltsjebrêge, mar men dêr krekt te let wie?
- de jonges de Dillebrêge al foarby wiene, ear’t se pakt wurde koene?
- Roel no wer mei dizze, blykber flugge boat, snein nei de Frienzer Merke kin (27 juny)?
- de Sytema’s yn Idaerd koartlyn 50 jier troud wiene en men troch alle flaggen dêr om hinne it hûs suver net mear werom fine koe?
- de Sakeclub foar harren Bedriuwendei prachtige muzyk oanfrege by Omrop Fryslân?
- we jo sneon wer fan alle âlde papier ôf helpe ?
|