Dorpssite Reduzum / Friens

Wisten jo dat...

Augustus 2011

  • dizze wisten jo’s allegear te meitsjen hawwe mei de musical fan de boppebou fan de TDS?
  • dizze wisten jo’s allegear betocht binne troch de opromploech, the day after?
  • Sanne tidens it sjongen fan har liet in wespestek krige, mar gewoan yn har rol bleau?
  • Gurbe fan alles oan doart, mar op in lange ljedder gjin held is en alle kleuren seach?
  • Christiaan in bytsje te let wie mei de tekst, mar mei ymprovisaasje alles kreas oploste?
  • Arnold fan alles brûke koe en dêrta by Tjitte en Baukje oan ‘homeshopping’ die ?
  • hy harren dêrfoar sels sneintemoarn betiid út bêd helle?
  • dyselde Arnold no it ( tige eksklusive, geheime) mobile nûmer fan Paule út ‘e holle wit?
  • de hynders fan Jehannes en Els de hiele simmer wol oan de droege bôle kinne?
  • de ‘earme’ bern harren hier de hiele wike net kjimd hawwe, om der mar lekker rûch út te sjen?
  • Eva grif wol trije dagen wurk hân hat om alle tiezebosken út har hier te krijen?
  • by alle bern der safolle hierspray yn siet, dat hja grif nea gjin lêst wer fan luzen hawwe?
  • der ferskate âlders ’knettergek’ waarden fan hieltyd mar weroan dyselde ferskes ?
  • it sjongen ( troch de geweldige professionele stipe) hiel goed út ’e ferve kaam?
  • de brânwar, mei tank oan Maurits en Rudi, it hiele doarp yn’e besnijing hie?
  • dizze sêne ek noch nij publyk oplevere, publyk dat eins nijsgjirrich wie nei in echte brân ?
  • Elske T en Syb vd P hiel bliid wiene dat it spyljen woansdeitejûn net troch gean koe?
  • it foar elkenien in gouden greep west hat om it risiko fan útstel nei de freed te nimmen?
  • Bryan syn mikrofoantsje stikken rekke en hy in hânmikrofoan krige?
  • hy him ferklaaie moast, it ding op’e grûn lei en nimmen him mear ferstean koe?
  • gelokkich Nadine dat gau yn’e gaten hie, it oppakte en tidens syn ferske foar de mûle hold?
  • dizze groep in geweldige ienriedigens útstriele, men elkoar oan alle kanten holp?
  • brânwarkommendant Rudi de grutste lol hie doe’t er der boppe op dy ljedder siet?
  • tsjinoer skoalle nije minsken yn it hûs fan de famylje Paassen kommen binne?
  • dizze minsken dêr noch mar krekt wenje, mar wol de sliepkeamerdoar iepen setten foar ús?
  • Piet Paparazzi no fanút it iepen balkonrút it hiele stik noch ris op film sette koe?
  • hy fanút dy skyboks in prachtich oersjoch hie oer alle publyk en spilers op it plein ?
  • Strobke tsjin in lege lantearnepeal stie te praten omt hy tocht dat master fergetten hie de poster fan de operasjongeres op te hingjen?
  • master dyselde poster krekt ien peal fierder oanplakt hie en Bryan dat te let seach?
  • hy twa stappen die en him der sels moai útrêde mei : “o, sjoch, dêr hinget noch ien !” ?
  • in oantal artysten dy freedtejûns earst federaasjekeatsen moasten?
  • Jeroen van D en Syb vd P nachts om healwei tolven noch in deadskiste oan it spikerjen wiene ?
  • it bot hoarich wie, it hiele doarp it hearre koe en dy kiste no op skoalle brûkt wurdt as blombak ?
  • Strobke yn 1992 foat it earst spile waard op it berne-iepenloftspul fan Easterwierrum?
  • de skriuwer fan it stik tige ‘faksinearre’ wie oer de wize wêrop it hjir nei foarren brocht waard?
  • de ‘pet ‘ nei ôfrin fan it stik mar leafst € 377 opsmiten hat, genôch om alle kosten te dekken ?
  • Master Arnold tige grutstk is op alle minsken dy’t dit prachtige spul mooglik makke hawwe?
  • hy syn tank útsprekt oan alle houtbeskikberstellers, houtbewurkers, skilders, loadsbekikberstellers, naaisters, kofjesetters,cateraars, frisdrankferkeapers, lûd-en muzykregelaars, lietskriuwers, muzykomsetters, regelateurs, timmerlju, filmproducers, kameraminsken, oprommers en net teferjitten âld-Redúster Jouke Hallema, dy’t der twa middeis frij foar nimme moast om’t it de woansdeis oer gie?
  • de boppebern , ek dit jier wer, grif mei in hiel goed gefoel fan skoalle ôf gien binne ?