Wisten jo dat...
- der op de gearkomste fan Doarpsbelang ‘even een mededeling’ kaam fan de tsjerkerie?
- der mar leafst € 20.000 klear leit foar bysûndere doarpsaktiviteiten ?
- der by it parkearterrein achter de skoalle in hiele protte houtsnippers lizze ?
- jo dy gratis en fergees ophelje meie, ek noch sûnder te freegjen ?
- it koartlyn tusken Reduzum en Wytgaard optilde fan de hûnen yn it lân?
- it Nederlânsk kampioenskip spoarsykjen hjir plak fûn ?
- jo de holle goed by de snelheidsmeter hawwe moatte tusken dizze selde beide doarpen?
- it yn Wytgaard begjint mei tritich, dernei fyftich tastien is en dan in stikje sechstich ?
- de Dodenbocht no op topsnelheid ( tachtich yn’ e bocht!) nommen wurde mei ?
- soks yn earder tiden wol oars wie en jo it wol litte woene en rydt dêr mei dy snelheid?
- jo by it Tolhek werom moatte nei de trije en de sechstich der wer foar mei?
- Friens syn privee kantsjemeaner hat, dy’t de hiele Van Sytzamawei koart hâldt?
- der op Trije Romers ek in kabouter wennet, dy’t de hiele trijesprong skjin hâldt fan ôffal en ûntúch?
- juf Hilde op har jierdei twa oerkes bliid wêze mocht mei in lease-baarch?
- der oan de Legedyk al in pear wike in ûle ferkearskontrôles hâldt?
- de hiele hjerst en winter by Klaas en Hylkje in asylsiker húsmanne hat?
- de poes net yn ‘e hûs koe en Klaas foar him ( of har ) in hokje tsjin de foarmuorre timmere hie?
- it dêr goed fan iten en drinken hie en der sels ferwaarming foar it bistke yn oanlein wie?
- de iennige echte Anni Friesinger ( mei dikke búk) ferline wike op de Trije Doarpen Skoalle wie?
- sy fansels al fier yn’t foar har oriëntearje woe nei hokker skoalle harren berntsje aanst sil ?
- Jeroen ( Cambuur-fan yn ieren en sinen) in protte nammen wist fan Hearrenfean-supporters?
- hy dy nammen op ‘e Reduzum-side sette, mei de fermelding dat se fergees harren kaart oerdwaan woene, doe’t it mei it Hearrenfean sa min gie ?
- jo ferplichte binne it Wetterskip te beljen as jo in wetterknyn(muskusrôt) swemmen sjogge ?
- dizze ynstânsje dan wer soargje moat dat it bist binnen trije wiken fongen is?
- it omseagjen fan beammen lâns de Frienzer diken gelokkich in misferstân wie?
- de ko fan de famylje Brinksma net allinne oan fiif lamkes molke jout yn de Ljouwerter Krante,mar ek yn de Telegraaf (ze lusten er wel pap van!), SBS-6, Hart van Nederland, Hea……….?
- de toanielspilers fan Roto en Vriendenkring gjin potten brekke koene op ’e kriich?
- it publyk yn de trije doarpen him lykwols ta de teannen út fermakke hat by de foarstellings?
- fiskrestaurant De Brigantijn destiids fisk keapje koe fan 17 Wartenster fiskers, mar dat no de iel levere wurdt troch Redúster Ale ?
- de Blauwe Tinte yn maaie 100 jier op syn plak stiet en dit fierd wurdt mei in fytstocht?
- yn dit clubhûs fan Tsienzerbuorren de bewenners geregeld kedize oer harren takomstplannen ?
- it swemplak no definityf nei de nije haven giet en Doarpsbelang de totale eksploitaasje regelet?
- campingbaas Jehannes nei in grut tal jierren dochs gelyk kriget mei syn ‘wettersportsintrum’?
- de urnemuorre op it ‘nije’ begraafplak der komt en it ûnderhâld yn mienskiplik oparbeidzjen dien wurde sil troch Doarpsbelang en De Lêste Eare?
- it sertifikaat fan de sânbak yn de nije boarterstún fan it Swinlân likernôch € 800 kostje moast?
|