Dorpssite Reduzum / Friens

Wisten jo dat...

Novimber 2009

  • we op 28 desimber wer skutjasse yn de sportkantine ?
  • eltsenien dêr oan meidwaan mei en faaks thúskomt mei in lekkere fleispriis fan slachter Sixma?
  • Sinteklaas yn ‘e mist it paad nei Reduzum better fine koe as syn beide Piten? 
  • de Boarnsterstim der bij wie en fan út Reduzum in streekrjochte útstjoering fersoarge?
  • master Henk fan de fut-sint it boek krige dat in lytse tritich jier as tsjokke boek tsjinne?
  • hjiryn de lede-administraasje en oandielen fan de Coöperative Stoomsuvelfabryk fan Wurdum? 
  • der no al twa keunstgersfjilden yn Reduzum lizze, mar it tredde fuort noch net sa fier is?
  • it al lang dúdlik wie dat der gjin finansjele stipe fan de gemeente yn siet, mar Stânfries no noch fierder fan hûs is om’t it gemeentebestjoer it deagewoan ferbean hat ?
  • Master Arnold tsientallen sliepplakken oanbean krige doe’t minsken hearden dat hy sa faak hinne en wer moast fan út Warten?
  • hy noch net wit hokker hûs him it bêste befalt en syn beslút yn elts gefal oer de winter hinne tilt?
  • de bern fan groep 6 yn gearwurking mei Doarpsbelang in tweintichtal fruitbeammen plantsje sille?
  • dizze beammen oan de bewenners fan it Swinlân tasein binne en op 11 desimber de grûn yn gean?
  • it fansels hiel aardich wêze sil as we dy moarns tusken tsien en alve ek wat supporters hawwe?
  • it net oan entûsjaste minsken ûntbruts by it optreden fan Gurbe en freonen yn Friens?
  • it mar goed wie dat Pyt S. it tek skoard hie, doe’t Gurbe syn tajefte ynsette ( lit jim gean, Friezen )? 
  • Gerrit Noordenbos koartlyn yn “Hea !” te sjen wie mei syn súksesferhaal oer it akkordeonspyljen?
  • ek de krante him yn ’t sintsje sette, mar it spyljen troch syn reuma spitigernôch net mear goed wol?
  • bern hieltyd makliker de tassen fol snobbersguod mei Sint Maarten krije?
  • groepen in sels songen ferske op harren mobyl opnaam hiene en dat gewoan hûs oan hûs ôfspilen?
  • allinne de minsken dy’t rap by de doar wiene it seagen, want oan it lûd wie it net te hearren!
  • der wier bern wiene dy’t by’t hearren fan it (lucht)alarm rôpen dat it oarloch wie?
  • dat Anke op dat momint by de bushalte stie te wachtsjen en har mem belle om rie, wat te dwaan?
  • Sandra har presys fertelle koe wat der barre moast:   “deuren en ramen dicht” , ek by de bushalte?
  • Willem T. jo desneeds fan tydlik ferfier foarsjen kin?
  • Kees no op in skootmobyl troch de stâl en Friens rydt, as er teminsten net wer in lekke bân kriget?
  • dat it by Tjipke yn Idaerd al wer maitiid liket, no’t der twa lytse wite geitsjes berne binne? ]
  • dat Arie allinne Liwwarders prate kin en hy dat dus ek docht as akteur by it Idaerder toaniel?
  • de skoalbern tusken 7 en 12 desimber oan de doar komme om jo kryst/ nijjierswinsk op te heljen?
  • de blêden fan de beammen binne en de jongerein gjin beskûl mear fynt efter it nije begraafplak?
  • Sybren Posthumus it ôfrûne wykein yn Itaalje siet om de SúdTiroler Freiheitsparty ta te sprekken ?
  • der yn Tadzjikistan( in part fan it eardere Ruslân ) bliere bern omstappe mei bliere Tytsje- mûtsen?
  • Margot Tubben in tal workshops glêskeunst jûn hat yn Nepal, sawol oan bern as grutte minsken?
  • it foar de bern mear kreatyf dwaande wêze, foar froulju faaks it begjin fan in eigen bedriuw wie?
  • in lytse bijdrage út it rike westen in geweldige stimulâns foar sa’n ûntwikkelingslân is?
  • der neitocht wurdt oer mear fyts-en kuierpaden fan út ús doarpen rjochting de Lege Geaën?
  • we dizze kommende sneon( 28 nov.) wer del komme om jo âld papier op te heljen?