Dorpssite Reduzum / Friens

Wisten jo dat...

Septiber 2011

  • dit de lêste merke wie mei (Gouden) Germ as foarsitter ?
  • der al jierren praat wurdt oer in oare opset, mar soks net sa maklik is?
  • der yn en om Warten nei alle gedachten gjin feeroasters te finen binne?
  • master Arnold fan’t simmer op skeelers in besite bringe woe oan juf Hilly yn Friens?
  • hy foar’t wyntsje hie fanút Warten en de gong der op’e Frienzer dyk ek aardich yn hie?
  • flak by de pleats fan de Tjalma’s in feeroaster leit en hy dêr mei in jûchheidsje oer hinne ride soe?
  • hy in “rotsmak’ makke, de earmtakke iepen, tosk troch de lippe, knibbel stiif en wer wat leard hat?
  • de organisaasje efter it Tsjerkepaad net alhiel ûntefreden is oer it tal besikers?
  • it dochs spitich is dat net mear minsken it wurk fan ús doarpskeunstners besjoen hawwe?
  • fan de nije oanplant op’e Terp de earste beammen al fruchtdragend binne ? 
  • it der no dochs op begjint te lykjen dat ik myn fyts yn Reduzum op slot sette moat?
  • it ek hjir net mear fertroud is en set him sa efkes del?
  • yn ús doarpen in protte artystenbloed streamt en trochjûn wurdt?
  • we it mei de merke sjoen hawwe en ek op de iepenloftspullen fan Easterwierrum en Jorwert ?
  • Adriana der ek noch ris har eigen bankstel foar opoffere hat?
  • de kantine in kear as fiif troch ferienings, neist de wyklikse pûtsbeurt, skjinmakke wurdt ?
  • benammen de flier dan wer in goede beurt kriget, mar dan wol graach mei  de grutte masine?
  • it fan’t simmer in kear dien is mei in tal lytse bjinderkes en men in hiel skoft wurk hie? 
  • soks in protte swit kostet en it folle makliker kin?
  • it earste fuotbaltiim fan Jirnsum, de hoofdmacht, foar it grutste part út de Trije Doarpen komt?
  • de risseltaten der beslist net neffens binne?
  • Freerk Popma maksimaal profitearret fan de frije tiid dy’t er nei syn ôftreden krigen hat?
  • jo him tsjin komme kinne op’e kuier, op’e golfbaan, op’it iis, op’e racefyts, op skeelers ?
  • yn 2012 de Olympische Spelen yn Londen holden wurde sille?
  • sadree’t de beammen harren blêden ferlieze, der ek in tal yn Reduzum it leadsje lizze moatte?
  • lâns de Legedyk en by it sportfjild in stikmannich giele stippen op guon beammen steane?
  • de iisbaantinte in kreas ferflaachje kriget en hjir en dêr wat hout ferfongen wurdt?
  • Trea fan Sjouke ynkoarten út it keatsbestjoer stapt ?
  • Sjouke fan Trea ynkoarten yn it keatsbestjoer stapt ?
  • Klaas it te drok hat mei de kachels en Sjouke de nije foarsitter wurde sil?
  • de bruorren Fokke en Hoite op’e selde tiid opereard binne, de iene oan it hert, de oare de knibbel?
  • soan Boele dêr ek wie om syn lippe , nei in bedriuwsûngemak, hechtsje te litten?
  • materiaalpech Hylke Riemersma efterfolge op syn fakânsje nei Sardinië?
  • de draachbalke fan de karavan stikken rekke en hy dat hiele ding dêr mar stean litten hat?
  • op’e weromreis syn auto ek al net mei mocht op’e boat ( bytsje reek….) en dy dêr ek bliuwe moast?
  • der in geweldich protte animo wie foar de Slachtedyk-fytstocht fanút de Blauwe Tinte ?
  • Afke Kuipers har dit jier gauris yn’e prizen keatste en it kommend jier mei nije maten op paad giet?
  • de ‘Wytgaarder’ skipper fan de ‘Jonge Rein’ it kommende jier yn de IFKS-A-klasse farre mei ?
  • dy skipper, Erik Jonker, al jierren mei syn frou en bern yn Reduzum wennet?
  • Hilde Bleijswijk faaks ynkoarten in helplijn opsette mei foar kânsearme bern yn India, Pakistan?
  • hja ferline jier al mei help fan Vodafone, de Namaste Foundation oprjochtsje koe yn Nepal ?
  • de sportferienings yn de earste wike fan oktober wer del komme mei lotten fan de GROTE CLUB ?