Wisten jo dat...
- it ein septimber sok moai waar wie dat Henk Hofstra en Janke Tilma noch yn’e ûngetiid wiene?
- der op de earste dagen fan oktober in pear weinen mei pakjes hea fan it lân helle binne?
- de Sinteklaze-stimpelaksje fan ús Sakeklup dit jier in desimber-aksje wurdt?
- it dit kear wat oars wurdt, gjin stimpels, mar in aksje wêr’t grut en lyts oan mei dwaan kin?
- Durk van Gorkum yn 2009 al in Skouderklopke krigen hat, mar al lang wer ien fertsjinnet?
- hy dizze simmer twa kear deis mei in skeppe it kuierpaad frij makke hat fan skieppestront?
- hy de boarterstún, fuort neist de doar, ek noch ris alle dagen netsjes hâldt?
- der kloften Redústers nei de nije Grouster sportskoalle reizgje?
- der ek wol ris ien is dy’t syn kaaike fan it klûsslotsje ek mar yn ‘e persoanlike klûs opberget?
- syn frou dan earst mei in oare sporter nei hûs moat ( want ek de eigen autokaaien wiene fansels dit kear té goed opburgen…..) om in reservekaaike op te heljen?
- der praat wurdt oer ko-knuffeljen, mar Hinke in hiel raar ûngemak hân hat tusken de kij?
- der in bist op har foet stean gongen is en hja no in skoft sitte moatte mei hechtings yn’t kût?
- de trije Hofstra-froulju de ôfrûne wiken leard hawwe harren bôlebakje sels yn’e tas te dwaan?
- Siebe1000 tritich jier ferlyn berne is as de tûzendste ynwenner fan Reduzum?
- dit doarp nei al dy jierren, al dy nijbou, al dy berteweagen noch mar 1108 ynwenners telt?
- de strepelûkers op’e Hoflânswei en yn Idaerd dwaande west hawwe?
- dy lju it grif sok moai wurk fûnen, dat tusken Terpstra en Engelsma de hiele dyk mar wyt makke is?
- master Henk mei al syn frije tiid no ek al op’e quad troch it lân jakkert achter de hokkelingen oan?
- Sytse en Anneke Alberda warempel alhiel út it Hearrenfean wei hjir komme om kastanjes te sykjen?
- in healoere letter soan Rohan ek al by Hokwerda-state stie nei in telefoantsje fan heit en mem?
- de ein fan de Alberda’s dêr tafallich ek noch ris wegere om fierder te fleanen?
- op de lêste freedtemiddei fan de moanne “bijpraat” wurdt, de moanne oereide,noflik sitten wurdt?
- der de earste kear in hiel aardich groepke minsken noflik bij inoar yn it kafé sieten?
- der minsken binne, dy’t harren túnôffal gewoan oan de oare kant fan de dyk yn’e berm goaie?
- der ek guon binne, dy’t it krekt dêr del goaie, wêr’t in buordsje stiet: ‘hjir gjin túnôffal stoarte‘ ?
- de Jorna’s oan de Prinsetún mâl opseagen doe’t dêr in auto fan Omrop Fryslân foar de doar stoppe?
- yn it kader fan de Fryske top-1000 de groep ‘Dy Twa’ in minikonsert by harren yn ‘e hûs joech?
- der in nije kursus AED-gebrûk opstarten wurdt, bedoeld foar doe-het-voor-u-zelvers?
- de groep betûfte AED-frijwilligers ferline wike sels op ekskurzje west hat nei it apparaat by de Bank?
- we dizze wike wer komme ( of krekt west ha) om it âld papier op te heljen?
|