Dorpssite Reduzum / Friens

Wisten jo dat

  • dat Bredero’s “het kan verkeren”, ek foar Jan Wester fan Idaerd jildt?
  • hy de iene wike in dikke haadpriis ( in einekoer) wint yn ‘e grutte lotterij fan it Idaerder toaniel?
  • de wyks dêrop hy de negative haadpriis hie, doe’t er efteroer foel op strjitte en in ribbe stikken hie ?
  • hy beide kearen op’e foto kommen is ?
  • it Frienzer toaniel ûnder lieding fan Liuwe Tilma ek wer tige slagge wie?
  • hy as regisseur fan Friens dus hiel súksesfol wie, mar ek as spiler fan ROTO Reduzum sterk spile?
  • ek yn Friens in grutte lotterij holden is, mei dit kear as haadprizen in pear prachtige natoerfilms?
  • dy films wol wat iensidich wiene omt der allinne mar moaie froulju op stiene?
  • it gjin wûnder wie dat Liuwe in biljerttreningsefterstân hie en gjin potten brekke koe op de jierlikse maraton bij Jeroen en Lutske?
  • Majo Tigchelaar( en de argyfgroep) him ôffreget oft der noch immen wat fertelle kin oer de pleats dy’t tsjinoer feedokter Terpstra op Trije Romers stien hat?
  • it prachtich wêze soe as der noch âlde plaatsjes boppe wetter komme soene fan dizze pleats?
  • we yn it argyf ek neat hawwe fan de pleats “den Anweg” dy’t tsjinoer Nageltsjebuorren oan de Ayttawei stien hat ?
  • it argyf yn it besit is fan in diascanner, dy ek jo dia’s oersette kin op in hjoeddeiske dvd ?
  • de argyfgroep om’e fjirtjin dagen (even wiken) byinoar sit yn skoalle ( 10 maart dus wer)?
  • it museum De Trije Gritenijen yn Grou dizze wike in moai berneprogramma hat?
  • de timmerman, de smid, de koperslagger, de floddermûtsemakker dêr oanwêzich binne?
  • foar de bern sels ( help pake en beppe de fakânsje troch) ek in tal eigen aktiviteiten binne?
  • Jehannes Zijlstra ôfrûne sneon, nei de fal fan it kabinet, de FNP-flagge bûten op hong?
  • we ús hast net foarstelle kinne dat hy sa gau syn idealen ferloochenet en oars tinken giet?
  • de bijdrage fan Linepraat oan skoalle de lêste jierren aardich omheech gien is?
  • skoalle folle minder stinselwurk docht foar ferienings troch it fenomeen e-mail, mar de stinsel-masine der wol stiet en we oan in kontrakt bûn binne?
  • dêrtroch de advertinsjeprizen en de postabonnees, beide nei tweintich jier, wat ferhege wurde?
  • der tal fan ferkiezingsposters yn de doarpen hingje?
  • op’e Joksewei ( ter hichte fan nûmer fjouwer )ek in hiele rige, mar wat aparte posters, hingje ?
  • Piet Elzinga syn nije doarps(foto)boek oer 2009 klear hat en it wer in prachtich jieroersjoch is?
  • de nije húsdokter fan Jirnsum, de hear F.F.Venema, him yn dizze Linepraat oan jo foarstelt?
  • Baukje Wytsma hiele aardige reaksjes krige op har stikje yn it desimbernûmer en der fuort wer foar sitten gongen is ( âlde tiden komme werom: as studinte wie se al Linepraet-redaktrise!)
  • yn de biblioteek fan Grou in histoaryske lêzing holden wurdt oer kleasters en stinzen yn it Boarngebiet
  • de Fûgelwacht fan Reduzum, Friens en Idaerd immen siket dy’t it sekretariaat oernimme wol ?
  • we sneon (27 maart) wer del komme om âld papier op te heljen ?