Dorpssite Reduzum / Friens

Wisten jo dat...

Jannewaris 2012

  • de gymnastykferiening aanst syn jubileum fiert, mar der noch gjin inkelde foto of dia ynlevere is?
  • it dochs net sûnder in útstalling fan fleurige foto’s kin fan priisútrikkings, demonstraasjes, oefenings?
  • we der graach in kopy’tsje fan meitsje en jo alles, as it moat deselde deis, noch werom krije?
  • de doarpsmûne Reduzum dizze moanne grif in rekordopbringst yn’e boeken skriuwt?
  • Egge syn flaggemêst al foar de twadde kear om lein hat?
  • Johan Nijdam begjin jannewaris in papegaai by en heal yn de Idaerder feart fûn hat?
  • it in grize readsturt is en no yn’e ‘diepvries’ by de feedokters yn Grou leit?
  • de fûgel net werom te bringen is nei de eigner om’t der gjin chip oan of yn sit?
  • it skutjassen yn Idaerd mear takomst hat dan yn Reduzum en de jongste 19 jier is?
  • men dêr om’e fjirtjin dagen in boomke leit en der in hiele protte leden binne?
  • it kantine-skutten de ôfrûne desimber grif foar it lêst west hat omt de groep te lyts wurdt?
  • it net oan de prizen of de fersoarging lein hat en Sip syn fleis en woarstjes tige goed smakken?
  • it âld papier yn desimber yn twa etappes ophelle is?
  • de grutte klikowein efterút ridend by de spoarhûzen wei, neist de dyk rekke en weisakke?
  • dy grutte auto dêr midden yn’e nacht wei sleept wurde moast om’t er oars hielendal de feart yn gie?
  • de oare moarns de rest fan de konteners lege is, mar wol mei in oare auto en eigen personiel?
  • de lytse man mei de kroltsjes as frijwilliger op alderhande plakken opdûkt?
  • deselde Germ no sels frijwilligers siket?
  • hy hopet op in grut oanbod fan froulju om him tidens de Slachtekuier oer de hege brêge te helpen?
  • jo him grif al riden sjoen hawwe, dy prachtige nije skoalbus?
  • der hast like folle knopkes yn sitte as in 747 en it grif noch wiken duorret ear’t se in betsjutting krije?
  • de Mûnegroep aardich ta de bûse west hat, om’t it net langer fertroud wie yn de âlde bus?
  • Folkert Bergsma de goede rie fan heit en mem yn’e achterholle hat, mar wat ‘er der krekt mei docht  jo lêze kinne yn de spesjale edysje fan Dichterbij (Rabobank)?
  • de Bistedokter yn syn lêste bijdrage de MidFrieslander útswaait mar oanjout troch te gean yn Middelpunt?
  • de froulju drok oan ’t krystballe-breidzjen west hawwe en no oergean nei de ûleballen?
  • âld Redúster en kuorballer Liana Klijnstra spylster fan it jier wurden is by har feriening Oranje Zwart yn Zwolle?
  • Jappy Toering in reis troch Europa makke hat mei noch fjouwer oare studinten?
  • men dat dien hat om jild yn te sammeljen foar de stifting “Doe een Wens”?
  • der 26 opdrachten útfierd wurde moasten, dêr’t dan in jildbedrach tsjin oer stie?
  • Jappy sels yn Hongarije kuorballes oan studinten jûn hat ?
  • hy ynkoarten grif troch it grutte bûn frege wurdt om ambassadeur yn Boedapest te wurden?
  • Peter Tolsma nei dit jier by Mid Fryslân op stapt en dêr faaks ek kânsen lizze foar Jappy?
  • de kontener by it sportfjild net brûkt wurde mei foar partikulier ôffal?
  • dat Sportstifting en Qlubb alle kearen in lytse € 35 betelje moatte om him leech te krijen?
  • we hoopje dat it âld-papier-opheljen yn jannewaris better ferrûn is as yn desimber?