Dorpssite Reduzum / Friens

Yn en om Reduzum

 

Pinkster

Fredich sitte Henk en ik bûten te kofjedrinken.

De beide hûnen skarrelje om ús hinne, de kat wit net goed wat er sil. Fannacht hat ús ezeltsje Sarah Lee foar it earst bûten sliept.

En wat is dat goed gongen. We sieten der oeryn. Oerlêst foar de buorlju dat is net wat wy wolle. Mar se hat gjin kik jûn. As se al in kik jout, no dan komt der wat.

De geitsjes, it skiep en de knyntsjes moatte noch wenne, it is ek sa’n grut bist yn harren eagen. Us guos hat domisily socht by buorman Roel.

 

Fjouwer wike lyn is Sarah Lee by ús kommen, sa by de mem wei yn in bûthûsskuorre yn Reduzum stoppe. Koe se earst wat wenne. Mar doe doarde se der net wer út.

Us plannen moasten wizige wurde, dat wie dúdlik, we hiene in EZEL kocht en dêr moasten we ús mar neffens oanpasse. Hout besteld by Willie’s Hout, in chalet foar fraulein Sarah Lee moast boud wurde. En no is it safier, klear dat it brûkt wurde kin.

 

Om hjir te wenjen, wat in foarrjucht.

 

Dit moatte we ta ús trochdringe litte en net alles wat noch net ynoarder is. Us tún is noch lang net klear nei de winter. Der is fan alles dea gongen, fêste planten noch net iens ôfknipt. De ruten binne net wosken, fan alles moat ferve wurde.

Dat binne allegear bysaken. Wat telt is hoe it fan binnen fielt. Fielt it fan binnen net goed, om wat foar reden dan ek, dan kin je noch safolle moaie dingen om je hinne sammelje, it komt net binnen. En dat kin in oar net foar je feroarje, dat moat je sels dwaan.

 

 Moai sein mar......

Us rêstich bakje kofjedrinken wurdt fersteurd troch dy rottige oranje TNTtoeters (mei tank oan de TNT, je soene noait wer postsegels keapje).

Ek wurdt it te hyt yn ‘e sinne. De dowen ha wer op ús auto skiten en ien fan ús kninen is fuorthipt. Se is swart-wyt. It libben ek wolris. Toet...toet.

 

                                                           Oant oare moanne,

                                                                     Blijke

  


 

Yn 'e pinne

Eltse kear foar ik oan dit stikje begjin moat ik foar mysels neigean wat my it meast rekke hat dizze moanne. Der binne sa’n soad mooglikheden. It liket sa beheind, skriuwe oer Reduzum, mar dochs bart der fan alles yn sa’n moanne.
Ik kin skriuwe oer de snie en nochris oer de snie en nochris. Eltse kear mar wer feie en skowe. Somtiden hie der al in buorman mei in feimasine by del west, wat fansls hiel aardich wie. Ik kin skriuwe oer it iisklupbestjoer dy´t dochs noch de kâns krigen hat it ien en oar te organisearjen, oer Roto dy ’t sa goed spile of oer de hobbels yn ‘e Haedstrjitte dy´t der samar wer by kommen binne of oer it griene hûs fan Ale en Marjan dat der samar stie. En dit is mar in greep út alles wat der bart is.

 

Mar wat my ôfrûne moanne it meast troffen hat is de wize wêrop in tal doarpsbewenners yn ‘e pinne klimme. Dat bart yn ‘e Linepraat, yn ‘e Mid Fryslander en yn de Ljouwerter Krante.Fansels hat elts in miening en net alle minsken sitte lyk yn elkoar. Dat je je oan dingen ergerje is op himsels ferfelend genôch foar sa’n persoan (dy hat er de measte lêst fan). Mar je kinne der hiel ferskillend mei oankomme.Mar mei opset sin minsken sear dwaan om je eigen persoan ekstra gloarje te jaan is yn myn eagen lyts, hiel lyts. Mei opset sin je argewaasjes op papier sette en dêrby groffe bewurdings brûke, dêrmei skeine je je eigen persoan.Troch in freonlik petear komme je fierder. Wolle we allegear net graach in moaier Reduzum – in moaiere wrâld ha? It giet der om hoe´t wy as minsken mei elkoar omgeane.

It respekt foar elkoar, it goed mei elkoar omgean, elkoar wurdearje kinne en sels mei elkoar laitsje kinne. . . . . dêr komt it op oan!!!

 

                                                                       Oant oare moanne,

                                                                                  Blijke

Bûnt selsskip

Op snein 17 jannewaris koenen jimme in bûnt selsskip rinnen sjen oer it nije kuierpaad lâns it Swin. De measten op learzens of snowboots al as net mei in pear knappe skuon yn ‘e tas. In snein earder sneide it sa dat de biljertkakpioenskippen fan Boarnsterhim by Jeroen en Lutske noch ôfblaasd binne, dizze snein teit dat it wat docht en is dyselde snie oan it smelten.
Wêr sil dit rinnende selsskip hinne? Se rinne lâns de Blauwe Tinte yn ‘e rjochting fan Snits. By it earste pleatske oan ‘e rjochterhân stekke se oer. Se geane nei it bedriuw “Krekt op Maat”. Dit selsskip bestiet út leden fan ‘e Sakeklup Reduzum, Idaerd en Friens.

By in Sakeklup tinke jimme natuerlik oan manlju yn blauwe pakken, in netsjes wyt oerhimd en in strik foar, mar dat jildt net foar dizze Sakeklup. It is in bûnte groep: de minsken mei in winkel, mei in transportbedriuw, mei in kachelbedriuw, in fisker, in skjintmespesjaliste, in timmerman, ien mei in bedriuw dat logo’s ûntwerpt ensfh. Ik sil net elts neame, mar jim snappe it al, gjin beroppen dêr ’t in blau pak in fereaske is (allinnich miskyn Rabo Rein, mar dy wie der net).

 

De groep giet dus nei “Krekt op Maat”. Wisten jimme al dat we dit bedriuw ryk binne? In lytse 2 jier is Jan Miedema mei help en stipe fan syn frou Hinke Richtsje oan ‘e gong.
By tafal nei ’t in kennis him in opdracht joech en dêrút mear oanfragen kamen is Jan begûn mei it meitsjen fan meubels fan steger- en ôffalhout. No in protte frege stoere , deeglike en grutte meubels fan natúrlike materialen. “Krekt op Maat”, de namme seit it al, levert op de maat dy ’t de klant graach wol: in kast, in tafel. Dus altyd op bestel. Ien fan de besûnderheden is ferskate kleuren hout út Roemenië mei omkanten fan stegerhout. En Jan hat it al sa drok dat er der in útsendkrêft by hat. Syn eigen hûs hat er prachtich ferbout en hat natúrlik allegear eleminten fan stegerhout. Sa kin er takomstige klanten dochs wat tastbaars sjen litte.

 

De Sakeklup: samar in groep út Reduzum.
Sa binne der folle mear. Alvehûndert ynwenners, alvehûndert allegear ferskillende minsken. Elts mei harren eigen drokten, karakters en eigenskippen, leuke en minder leuke, goeie en minne.
Wat dochs aardich dat dat allegear mei elkoar ús doarp is. Foar bûtensteanders sa bysûnder dat se it hjir wolris sjen wolle. Sa komt oare wike hjir Grien Links út Doetinchem. Wat foar ús sa gewoan is, is dat foar in oar net.

 

In sentimentele kuier

We ha wer in rinpaad. In rinpaad fanút Súd-Súd lâns de folkstúntsjes op ‘e Dwinger, lâns it âld Swin en troch it lân rjochting Blauwe Tinte.
Op sneon 6 novimber is it iepen rûn troch in keppeltsje minsken ûnder oaren minsken dy’t dêr oan it wurk west ha. Durk van Gorkum, dy ’t it projekt lutsen hat, hat de eare hân it nambuordsje te ûntbleatsjen. It is no offisjeel kuierpaad “it âld Swin”.
Der wie ek noch in kadootsje. De oannimmer fan it wetterskip, dy ’t de diken allegear ferhege hat, Wierda út Goïngea, hat in bankje oanbean. Underweis kinst ek noch efkes oer it fjild útsjen. En dat is dêr wol de muoite wurdich!

En no wurd ik in bytsje sentimenteel. Wat ha wy gauris dêr yn dat hoekje west. Jierren ha we it stikje lân tsjinoer de Dwinger hierd. Foar dyjinge dy ’t dêr net bekind is, de Dwinger of de Lyspôlle is it plak fan de folkstúntsjes.
Mark Bloem, lytse Mark syn pake, frege doe ’t er al hiel siik wie oft wy dat stikje ek fan him oernimme woene foar ús skiep. Mark hie der earder syn hynders rinnen.  
Juster doe ’t Sinteklaas oankaam haw ik ek oan Mark tocht, werom nei de tiid dat Mark mei syn hynderwein en in prachtige fries derfoar Sinteklaas ynhelle. Tuurlik ek de iepen auto fan Peter Tolsma hat wol wat, mar by Sinteklaas heart in hynder.

Op sneintemiddei rûnen we troch it lân nei de skiep. Wat koest dêr moai sitte. Sa stil, sa wiids. Sa no en dan kaam der in boatsje lâns. Der sieten allegear nestkes fan einen en merkels.
Ien kear yn ‘e hjerst ha we ús skiep op in jûntiid der weihelje moatten omt se yn it wetter stiene. SBS6 hat der net by west. It is dêr ek ‘bûtendyks” lân dat der winters wolris ûnderstrûpt. Gjin wrâldnijs wurden, mar wy wol in ervaring riker.
Mar it wie net altyd joechhei, de stikels tierden der welich. Henk hat dêr hiel wat oerkes west om se der út te lûken.
De oare kant by de folkstúntsjes waard ek hieltyd minder ûnderhoden. Op it lest allinnich Bartle noch mei in hoekje en de rest lei te fertuteazjen.
It nije rinpaad hat ek de tagong nei de túntsjes maklik makke. Se binne opkreaze. Nije kânsen foar nije hierders.
Reduzum foarút. It leeft hjir noch steads. Allinnich oars, tiden hawwe tiden!!!!!
Begjin foarige ieuw waarden de húsketontsjes op ‘e Dwinger lege en no groeie der beantsjes .

                                                                       Oant oare moanne,

                                                                                  Blijke

Hout op it fjoer

Folop wurdt der neitocht oer ús takomst.
Neitinke oer je takomst moat natúrlik, want oars bin je dwaande yn it luchtledige. En it jout ynspiraasje om troch te gean.

Simmer yn Fryslân. . . .

Foar in part fan jimme klinkt der no it deuntsje yn ‘e holle dat alle dagen wol lâns komt op Omrop Fryslân.
Sa ha we allegearre fan dy automatismes yn ús libben.
De wekker giet....útsette dat ding. Je brâne je... automatysk giet de hân werom. Fakânsje.... der op út, fuort.

Ik hie tocht

Gedicht fan Janke Douma.

Ik hie tocht,

dat it libben einiget
asto der net mear bist

de wrâld hâldt op fan draaien
de hoanne staakt it kraaien
de wolken keare it ljocht
en de kat hat oan boatsjen gjin nocht

asto der net mear bist

gjin boer ferskynt op ‘t lân
de nocht oan buorkjen bedoarn
gjin woartel, gjin blom en gjin bist
ha krêft om te libjen, sa is ‘t 

asto der net mear bist

mar neat is minder wier
fan ‘e moarn al witte ier
striele de sinne sa klear
gong de hoanne tekear
hie de kat syn boartersmaat fûn
en de buorman bewurke mei faasje de grûn

wylst do der net mear bist

                                               Oant oare moanne, Blijke

It fioeltsje

Ik draai myn holtsje fan ‘e iene nei de oare kant.
Sjoch jim my wol? Ik ha der sin oan . . . de maitiid.
Nei de lamkes dy dûnsje, de einepykjes efter mem oan en de fûgeltsjes dy in nestje bouwe. Mar wat sjoch ik om my hinne. Net folle om fleurich fan te wurden. Niks gjin kleurkes mar hagelstiennen, snie en kjeld.

Op in dei sjoch ik neist my wat wyts en dan wat blaus en de oare deis ek oranje, allegearre kleurkes. Wol leuk, mar lang sa fleurich net as my. Ik bin in giel fioeltsje, sa giel as in bûtergieltsje en de dotter. En net te ferjitten, krekt as de sinne. De sinne dy alles opfleuret en ferwarmet.  

En dan komt de sjef mei minsken. Ja, de sjef hat der wol earder west, hy wie o sa bliid doe der myn giele blomkes seach. De sjef en de minsken rinne troch nei de oranje, wite en blauwe fioeltsjes. Nee . . .   my litte se stean, ik bin net moai genôch. Ik wol wol ûnder de grûn krûpe.
Der komme mear minsken. It selde gebeurt wer. Wat is der no mis mei my? Ik bin dochs moai giel?

Op in dei komt de sjef mei in grutte karre, triuwt in hiel soad fan myn giele maten yn in doaske. “Jimme gean nei de feiling. Hjir wurdt it neat mei jimme. Ik wol jim kwyt.” Aldergelokst mei ik bliuwe, want nei de feiling wol ik net. Ik ha wolris heard dat as se je net keapje, je yn in grutte kontener kipere wurde. Sjochst nea wer de sinne. Mar dan is it 2 wike foar Peaske. Der komme wer minsken en bliuwe by my stean. Wat in prachtich fioeltsje. Se wolle my ha!!!!!! En tsjin de sjef: hast ek mear fan sokke?

En no stean ik yn in prachtige skaal mei tûken aaien en nestjes. Eltse kear stean der minsken nei my te sjen. Myn kopke stekt fier omheech en ik wurd hieltyd mar moaier . . . . 

Is dit foar minsken ek net hiel werkenber?

 

                                                           Oant oare moanne, Blijke

It is stil yn my . . . . .

It is stil yn my...

Dizze wurden komme út in Nederlânsktalich ferske.
Somtiden komme der safolle dingen op jin ta, dat it stil yn je sels wurdt.
Je hawwe gjin antwurd op de dingen.
In tal saken yn myn eigen libben dy ’t barre en der binne en wêr ik gjin ynfloed op ha, wol ik jimme net mei ferfele.

Mar ek dingen dy’t bûten mysels barre wurd ik stil fan.
De kredytkrisis. In stream fan negative berjochten komme oer ús hinne. De wurkleazens is no noch hast net tanaam, mar komt er oan sizze de foarspellers.

De lege húzen. It tal huzen dat op dit stuit te keap stiet yn Reduzum nimt noch hieltyd ta. Inkele húzen steane al jierren te keap. De plannen dy’t de bewenners hawwe kinne sa net útfierd wurde, oaren sitte mei dûbele lêsten. Op termyn sil it wol wer goed komme, mar wannear... 

De stjoerleaze gemeente. It kolleezje fan B en W dat mei grutte ynset ús gemeente net út de reade sifers helje kin en no opstapt. De skoallen yn Akkrum en Grou kinne it foarearst wol skodzje.

It wie fannewike yn Reduzum ek stil. Fakânsje. Ien fan ús guozzen fûn dat er dan wolris yn ‘e winkel sjen koe en nei ’t er fernaam hie dat de flier dêr lekker waarm is, koe der wol bliuwe. Mar dat fûn ik net sa’n goed idee. Der út en de doar ticht. Hy hat wol in kertier op ‘e matte foar de doar sitten en troch it rút nei binnen stoarre. Oant der ien kaam dy’t it net sa op him stean hie. Dan mar wer efter it stek.

Fan sokke leuke dingen wurde je ek stil. 

It bliuwt stil yn my fannewike.                                               

                                                           Oant oare moanne, Blijke

 


 

Sil ik al . . . sil ik net

Ik twivelje, want ik wol net op myn gewisse ha dat jimme slachtofferhelp nedich ha. It is sûnder mis de realiteit dat as der by ús ynbrutsen wurdt, dat ek by jimme gebeure kin.
Mar ik tink dat de kâns grut is dat dizze ynbrekker it wol besjoen hat yn Reduzum. It liket derop dat er ús hûs en Reduzum hiel fluch ferlitten hat, bang as in wezel dat wy de polysje belje soene.
Nei dat allinnich in sliepkeamerdoar mei in flink leven iepen dien wurdt, ien de trep ôf rint en nei it húske giet (Nynke ús dochter), dan moat je sjen dat je fuort komme.
En no wol jimme natuerlik ek noch witte hoe ’t it fierder gie.

Seis oere tritich, sneintemoarn 18 jannewaris giet Blijke nei ûnderen. Hat min sliept nota bene, en sil in bekerke molke meitsje. Ljocht oan, beker út ‘e kast. Op nei de kuolkast. Mar wat ha we hjir, it rút neist de kuolkast stiet wagenwiid iepen. Der is ynbrutsen. Henk fan it bêd en sjen.

Om’t we mei de winkel oan it feroarjen wiene stie der fan alles foar it rút. De ynbrekker hat alles netsjes oan ‘e kant skoot, hat de hingplantsjes oer in stoel hongen en hat syn skuon útdien (der wiene gjin modderstappen) .
Myn tas stie foar it gripen.  Dy hat er meinaam en letter bleek dat er flink ta de Beerenburg sitten hie.

Polysje belje, paskes blokkearje. Polysje komt, fynt gjin fingerprinten, wol in grutte fuotstap foar it rút. De recherche komt hjir net foar. Kâns nihyl dat sokswat ea oplost wurdt.

De oare deis wurdt myn tas wer fûn op ‘e carpool by de Blauwe Tinte. Allinnich it jild is fuort, mar alles is wol dweiltrochwiet.

It hie allegear folle slimmer kind.
It gefoel fan je feilich fielen yn je eigen hûs is fuort. De earst wike kin ik by tsjuster min nei it rút sjen wêr er troch kommen is. Allinnich thús wêzen fielt oars. Ien nacht haw ik spookbenaud west. Ried der in ûnbekende auto fuort om fjouwer oere nachts. Hy hat er wer west.

Mar sa moat it net. De ynbrekker hat myn jild al, mar op myn libben sil der gjin ynfloed ha !!!!!

                                                          Oant oare moanne.
                                                           Blijke

 


Elts in oare krystbeam

Wêr moat ik no oer skriuwe: oer ús bosk wat der wie en no net mear is. By ús achter wie it echt kryst, mar no net mear. Us hûnen fûnen it prachtich, se wolle altyd graach nei it bosk. It giet dus oer de krystbeammen dy ’t ik dizze wike ferkocht ha. Sa as by safolle dingen foar elts in oare krystbeam. Lyts, grut, krekt ien yn krystbeamfoarm of gewoan saas de natuer him groeie litten hat. Net alle minsken fine dat ik dy beam foar harren goed groeie litten haw, mar hawar. 

En no nei ’t se hast allegearre fuort binne kin ik der oer nei tinke wat der no mei harren bart, no ’t se earne yn ‘e hûs steane. By lytse berntsjes dy’t   der it leafst reade, griene, blauwe en giele ballen yn hingje. Of by bern dy koekjes bakke mei mem en dy yn de beam hingje mei in lintsje. En by pake en beppe dy de bern thús ferwachtsje mei de bernsbern. Inkele beammen gean in design takomst temjitte, passend by de ynrjochting fan it hûs.  
Ek bin der guon dy der hieltyd kearskes ynsette. Foar elts is der in oare betsjutting. De fersiersels dy yn earder jierren kocht binne roppe herinnerings op. De nije, in start nei de takomst. De beam jout in soad wille, ljocht yn dizze “tsjustere” tiid. Tsjuster is betreklik, wat foar de ien in aaklich gefoel jout, mar foar de oar de dagen dy ’t foar ôf geane oan dagen mei mear sinneskyn en gelok.

Jimme mimerje mar wat ûnder dy beam, ek as it in keunstbeam is. Ik hoopje dat jimme beam syn nuddeltsjes wat hâlde mei, ik kom net te stofsûgjen.

           Oant takom jier, Blijke

Sint brekt yn

Wat my no oerkaam is fannacht! Dat wol ik de berntsjes fan Reduzum al fertelle. Ik waard wekker fan wat nuver gestommel. En ek hearde ik in hynder. En dat midden yn ‘e nacht. Ik woe der mear fan witte, dêrom seach ik ta it rút út. Foar de Rabobank stie in wyt hynder, in skimmel, fêstbûn oan it fytserek. Boppe op it dak fan ‘e bank klauteren twa Piten. Sinteklaas seach ik net.

Samar in sneon

Samar in sneon yn Reduzum.
De sneon dy’t de ein fan ‘e hjerstfakânsje bringt.
De sneon foar de langste nacht fan it jier.
Wol in sneon mei prachtich sinneskyn waar.
De sneon dat Evelyn Bleeker har jierdei fiert.
Hoe âld bist wurden Evelyn?

De lêste sneon dat Gels har winkel “de Vingerhoed” yn Grou hat. Har winkel yn Grou is net wurden wat se der fan ferwachte hie. Der sille noch grif in hiel soad oaren ek harren winkel slute moatte. As ik de sifers foar blomwinkels lês dan giet it mâl. As je je net spesjalisearje en net op in A-lokaasje sitte, oerlibje je it net. Ik tink dat ik op in E-lokaasje sit, mar hawar. Mar om op Gels har berneklean werom te kommen, op freed is se wer iepen op ‘e  Mr. Gorterstrjitte 2.  

It is ek de sneon dat de Sakeklup syn jierlikse ledefergadering hâldt en dan ek noch wat gesellichs docht. Der komme hieltyd mear leden, der komme dus mear ûndernimmers yn dit doarp. Eigen baas, mear frijheid tink je earst noch, sels ferantwurdlik foar alle ûnderdielen fan je wurk en dus net ôfhinklik fan oaren. Dat werklikheid oars is, blykt letter pas. En it is de sneon fan de “nacht fan de nacht”. Reduzum hat de earste wenwyk mei ledferljochting, dus bysûnder genôch om dêr de nacht fan de nacht te hâlden en yn ‘e nacht yn in pream nei ta te farren.

Dizze sneon is ôfskie nommen fan beppe Jant Visser. Op myn stoel yn ‘e winkel sit de krigele frou nea wer. It wie al in skoft net goed, mar it is dochs net sa lang lyn dat se siet te fertellen oer har bûtelânske reizen mei Anneke. Ek dizze sneon hipt ús langear knyn fleurich oer it hiem, nei ’t we him juster krekt wer fongen hienen.

Set sels noch mar efkes troch oer dizze sneon............

 

                                                                                Oant oare moanne, Blijke

 

Bisteleed

Nachts lizze we lekker te koesen.
We, dat binne de ynwenners fan Reduzum.
Mar der binne ek Redústers dy net koese en dan miene dat se it rjocht ha om dy minsken dy lekker koese heftich wekker te meitsjen.

Sis it mei blommen

Mei lytse preteachjes sjocht in lyts oranje liuwtsje my oan. Hy wit it noch net.
Yn it finsterbank fan Marco en Mia stean de grutte oranje wuppies noch.
In beppe rint mei har beppesizzer nei de boarterstún.
It jonkje hat in oranje t-shirt oan mei de namme fan ien as oare spiler der op.
It is sneintemoarn, de moarn nei de wedstryd.

Het zijn de kleine dingen die het doen

Ik wit net mear wa’t dat ea sein hat, mar it is in wierheit as in dyk. As dy lytse dingen ek noch ûnferwachts binne dan is it ekstra leuk.

De Haven as middelpunt

Reduzum – wetter.
Dy kombinaasje hat er altyd west.
Hiel fier yn ‘e tiid werom hiene we hjier in tal terpen.