Bisteleed
Nachts lizze we lekker te koesen.
We, dat binne de ynwenners fan Reduzum.
Mar der binne ek Redústers dy net koese en dan miene dat se it rjocht ha om dy minsken dy lekker koese heftich wekker te meitsjen.
Bliksemynslach, allegearre fjoer, brân ....... Flak dernei, geknetter. Nee dochs net tonger, it is fjoerwurk op 24 augustus. En gjin gewoan fjoerwurk, karbidsjitten is der neat by.
Buorfrou sit ferstuivere rjocht op yn bêd.
Buorman hat de klean al oan, fototastel by de hân om bewizen te hawwen wa’t it binne.
By ús hat it in ekstra útwurking. We ha bisten . . . . deabenaud foar tonger en fjoerwurk. Henk hat de hannen fol om de hûnen in bytsje yn ‘e stringen te hâlden, ik bin yn ‘e keamer en besjoch wa’t it binne.
Nei de lêste knal stean ik bûten yn myn nachthimd. It is net te leauwen dat it folwûksen mannen binne.
Net ien Redúster hat de polysje belle, it binne eigen minsken, dy’t sa wat úthelje.
Us iene hûn hat noch in oere oerstjoer west.
In bist is de dupe fan it gedrach fan de minsken. Wy minsken ha de opjefte foar harren te soargjen en op te kommen. Dat fertsjinje se.
Wy ha ek wer in skyldpod yn ‘e fiver. Ale, ús fisker hie wer ien yn ‘e netten. It is fêst sa’n boartersguodsje west fan minsken dy nei ferrin fan tiid it dochs net sa leuk fûnen. En dan fuort dermei, ploep mar yn it kanaal.
Jimme kinne dus wer om in hoekje loere, der sit wer ien te sinne baaien op it pypskomplankje. Us tún is wat tichter groeid dus is it wat dreger om him te sjen, mar efkes it hiem op achter. Oer it lytse stekje is der goed te besjen. Hy is noch hiel bang, it fertrouwen yn it minskdom is net sa grut.
No oar bisteleed. In murd (of meardere) yn ús kontrijen, fynt nei alle hinnehokken in gatsje, makket se dea, fret se op.
As no dy jonge mannen dy ’t nachts it sa leuk fine om oaren út ‘e sliep te hâlden, ris op murdejacht geane en se nei oare oarden bringe.
Oant oare moanne, Blijke
|