Dorpssite Reduzum / Friens

De Haven as middelpunt

Reduzum – wetter.
Dy kombinaasje hat er altyd west.
Hiel fier yn ‘e tiid werom hiene we hjier in tal terpen.

Terpen wiene heech makke om by heech wetter net ûnder te strûpen.
De Middelsé rûn oant Reduzum ta. It leechlân saas it noch wol neamd wurdt leit tusken de Oerisselsestrjitwei en de Swette. Dat it lân dêr leech leit is goed te sjen.
Yn letter tiden, de Middelsé wie der net mear, lei Reduzum oan in wichtige skipfeartrûte tusken Ljouwert en Snits. Diken wiene noch paden, it ferfier gie oer it wetter.
Sadwaande hie Reduzum in haven. Ik stel my safoar dat hjir in soarte fan skûtsjes kamen dy de minsken fanalles bringe koene wat se sels net hiene. Wat Pieter (Roorda) en syn kompanen no foar “us binne hiene je doe de skippers. Swier wurk, earmoede, petroaljelampen, grutte húshâldings.

Dit wetter is op in stuit ferdwûn út Reduzum (we ha wol wer nij wetter gelokkich), de skipfeart waard oernommen troch oar ferfier. Us haven waard dempt. Hússmoargens, fytsen en wat saal is yn dy haven kipere.
Wat is op sa’n stikje Reduzum in soad bard.
Ein foarige ieuw de Utdaging, foar in soad Redústers is dat in fantastyske dei en nacht west. Foar dyjinge dy’t hjir noch net wennen hast net foar te stellen. It wie de opset yn 24 oeren in make-over te meitsjen fan de Haven. In gigantysk projekt wat troch hiele tvploegen opnaam is.Sa de Haven der no útsjocht ha we dêr oan te tankjen.

Elts jier is de merke op ‘e Haven, ien kear yn ‘e twa jier de Rommelmerke.
De Haven as middelpunt fan Reduzum.
Spontaan is der no ek troch wat oars in middelpunt yn Reduzum, ek wer op dy Haven. Want wat stiet dêr, in trampoline. Lytse bern, gruttere bern, âlders en ek oaren komme by elkoar op de Haven. Wat in gesellich buertsje dêr!

Fan’t simmer noch in grut swimbad derneist en we ek wer wetter yn ús sintrum. Mar gjin âld izer der yn fansels.

 

                                                          Oant oar moanne op ‘e Haven by de Rommelmerke,

                                                                       Blijke