Dorpssite Reduzum / Friens

De leafde is út

Jimme kinne it ferhaal fan ús guos dy ‘t allinnich efter bliuw doe’t syn guozzemaat ferstoar. Hy wie sa fertrietlik dat de triennen him oer syn wite wangen rôlen.Mar ien kear wer bûten en in wike treurnis seach er ús brune skiepke, ek al in skoft allinnich as skiep by ús. It skiep fielde har net allinnich, se hie de geiten wol. Mar hawar.

Twa ienseme sielen. It skiep en de guos waarden in spantsje. Sliepe deun tsjin elkoar oan, gêrs ite neist elkoar. Fan ’t simmer rûn it skiep wolris mei de geitsjes yn in oar stikje lân. Fûn de guos net aardich fan ús. Se trêde alsmar hinne en wer lâns it stek dat tusken him en it skiep siet, sa no en dan mei de wjukken wiid út.

 

Fan ’t hjerst hiene we de ezel en it skiep wolris efter de hage rinnen. Sara Lee, de ezel wie dan somtiden sa’n bolbjirken puber dy ’t efter it skiep oandrave woe. It skiep waard dan bang en draafde fuort. En dat wie dan hartstikke dom, Sara draafde dan noch hurder efter har oan. Der moast ek by balkt wurde en dan komt der wat. PANYK.

 

It is yn ‘e biste wrâld net oars as by de minsken. Belsjelûke is dochs allinnich mar leuk as der ien efter je oan komt? It probleem fan Sara en it skiepke wie op te lossen, de guos der ek by. Sara hie har dan mar yn te hâlden. De guos siet har mei oertsjûging nei en hong har yn it hier. Dát docht sear. It skiepke hie gjin lêst mear. Har leafde ferdidege har mei “hand en tand” (flerk en snavel). Sara is no benaud foar dit wite fûgelbist.

 

Mar it is net te leauwen. Fan de iene op ‘e oare dei is it oer. Elk oan in kant fan it stikje lân. De guos wol noch wol, stiet er wat ferlern by. Mar by it skiep is it oer.

Foar hynders ha je “paardefluisteraars”, foar hûnen “hondefluisteraars”. We binne no op syk nei in skieppe- of guozzeflústerder of ien dy ’t mei beide oer wei kin. Ek is it mooglik dat der in relaasjeterapeut yn aksje komt, want sa’n moai spantsje kin je dochs net samar yn har problemesop gear stoofje litte. Der moatte iepeningen socht wurde.

 

 

                                                    Oant oare moanne,

                                                                                Blijke