Dorpssite Reduzum / Friens

De wrâld is grutter

Yn en om Reduzum


  • in libben as in mich op'e râne fan 'e sjerppot (een herenleventje)
  •  in libben op toffeltsjes (een herenleventje)
  • it libben is gjin molke-en groattenbrij (niet zo gemakkelijk)
  • by libben en wolwêzen (als het leven en de gezondheid het toelaten)
  •  it libben jout net allinne rys en rezinen, mar ek grôt mei krôde

It libben is net yn't foar út te tinken.

Myn mem sei earder al “pikerje net it komt dochs oars”.

Yn 't begjin fan 't jier siet it bestjoer fan 'e Sakeklup om 'e tafel om mei de Troefmarkt, slachter Sixma en ek de Eskeblom by elkoar om ris te brainstoarmjen hoe't it it bêste koe as de Troefmarkt ophold. Doe haw ik oppere: it postkantoar kin wol by my.

Ein febrewaris stie yn 'e Linepraet it as in hast foldongen feit: it postkantoar komt by de Eskeblom. Ien dy’t it fierder fertelt seit: it postkantoar komt by de Eskeblom en ferline wike wie it praat dat de pinautomaat fan de Rabobank komt ek by de Eskeblom.

Mar it moat allegearre noch.

 

Wêr wol ik hinne mei myn ferhaal. Yn jannewaris tocht ik, we bin altyd thús, lit mar komme dat postkantoar.

No 2 moanne letter lizze de saken oars. It postkantoar kin komme mar dan allinnich op tongersdei, freed en sneon. Ik wol net werom nei mear iepen. Dy dagen stean ik foar jimme klear. In oar giet ek wol mei 60 yn 'e VUT, moat ik op myn 60e dan altyd wurkje? Om hûs en hear is ek genôch te dwaan. It libben hat mear te bieden as wurkjen.

In oare reden is dat ús dochter Nynke Rixt nei Ierlân ferhuzet. In prachtich lân, dêr wol ik hinne kinne. Dit hie ik yn jannewaris net betinke kinnen.

 

Al lang bin ik net alhiel sûn. Dat hat foar in part myn libben bepaald. Dêr moat in ein oan komme foar sa fier as dat kin. It libben is gjin molke en groattenbrij, sa tink ik net! Né, wat sitte der in rezinen yn 'e rys. En rezinen fyn ik lekker.

In libben as in mich op 'e râne fan 'e sjerppot dat is wat alle minsken begeare, mar is alle dagen sjerp wol lekker? Of alle dagen op toffeltsjes rinne? Dy grôt mei krôde soarget derfoar dat de sjerp lekker bliuwt, de swiere skuon dat de toffeltsjes wer in ferademing binne.

 

Dit kear in hiel oare “Yn en om Reduzum”, myn eigen ferhaal.

Jim hearre noch wol hoe't it komt. It postkantoar kin noch wolris hiel earne oars komme.

Foar my is Reduzum en omstreken moai, mar de wrâld is grutter.