Hout op it fjoerFolop wurdt der neitocht oer ús takomst. Dizze kreet haw ik net sels betocht. Ik lien him efkes fan Jan Henstra. Ik haw it him net frege mar hy fynt it fêst wol goed. Jan Henstra is de “bevlogen” man dy ’t geastlike foarming jout op de basisskoalle. Hy nimt de bern yn syn ferhalen sa goed mei dat elk bern graach nei syn lessen giet en sa in basis krijt fan de bibelse ferhalen, mar ek fan it jodendom en de koran. Ik haw mei him gearwurkje mocht yn syn tarieding fan syn presintaasje fan syn ôfstudearskripsje as learaar godstsjinst yn de tsjerke fan Idaerd. Dy presintaasje hite “hout op it fjoer”. De ynhâld komt koartsein hjir op del: it leauwen yn God nimt geandewei ôf en it witten fan de Bibel wurdt hieltyd lytser. Dochst gjin hout op it fjoer dan ferdwine dizze ferhalen hielendal. Dit hout moast yn oansprekkende tastbare saken der opgoaie om dêrnei de bibel en it leauwen útlizze te kinnen. Dit kin mei blommen (myn taak) mar ek mei koekjes bygelyks. Jan hat ús yn syn presintaasje meinaam yn syn fisy hoest fjoer brânende hâlde moast. As saken behâlde wolst moat der al wat gebeure. Doarpsbelang wol ek hout op it fjoer. Us doarp moat in libben gehiel bliuwe yn de takomst. Dêrom de “keukentafelpetearen” Gelokkich binne der in soad minsken dy ’t er oer nei tinke wolle. De gemeente lûkt ús ek oan de earen. In needsaak. De finânsjele sitewaasje is striemin. Wêr wolle jimme by hearre? Mar ik wol nearne by hearre. Ik wol net yn de skaalfergrutting. Ik wol lytser. Lit oare gemeenten de moeilike klussen mar foar ús dwaan en de gewoane saken kinne we sels wol. Lekker oersichtelik en tichtby. By de skaalfergrutting yn ‘e soarch, de plysje en skoallen wurde grutte fraachtekens set. De wyksuster, de doarpsplysje se komme al werom. En de doarpsskoalle hoecht echt net minder te wêzen. Mar ja wa bin ik, in simpele siel mei in lyts doarpswinkeltsje. Ek dêr moat hieltyd wer hout op, al rekket it hout wol in bytsje op Miskien kinne jimme my wat “hout” leverje?? Mail nei eskeblom@hetnet.nl . Kin ek myn fjoer brânen bliuwe.
|
|
terug