Dorpssite Reduzum / Friens

It is by de kninen om ’t ôf

It is wyt mei in swarte streek oer de rêch en twa swarte earen. Ra, ra, wat is dat....
Dyjinge dy ’t de foarige “yn en om reduzum” lêzen hat wit no wol wêr ik it oer ha.
It is it knyn Japie, dy ’t by ús kommen wie as Japke.
No, ik kin jimme fertelle dat der no 18 lytse Japies en Japkes omhippe.
De sizwize “it is by de kninen om ’t ôf” is der net foar neat dus.

Earst kamen der 4 ûnder ús houtsteapel wei ( sa om en naby 3 wiken âld). Dêr ûnder sit fêst in machtich stik gongen. Doe wisten we noch net wat der kaam. Op in jûn ha we wol 3 kertier achter ien knyntsje oan sitten, net te krijen tot er yn ‘e bek fan Mukkes, ús buorkat einige, dea. Fûnen we doe oh sa sneu.  In 2 wiken letter kamen der noch 2 ûnder de bult wei. It waard al wat minder leuk, mar der wie wol in hiel moai griis knyntjse by.  Japie siet al wiken opsluten yn in hok, mocht net mear achter de froulju oan.

Mar op in middei seach ik ús wite knyntsje mei in bek fol gêrs en rûchte ferdwinen ûnder de houtbult. Ik tocht:” Dit haw ik earder sjoen, do wyt knyn . . . Ek yn in hok”. En ja hear. De oare deis in bulte wyt hier yn in hoeke en dêr siet beweging yn. Dêr wie it al sa. Wer 6 knyntsjes der by.  Mar de soap is noch net ôfrûn. Yn ‘e selde wike wiene der yn ús stikje lân folle mear swarte earkes en wite búkjes. Se ferdwûnen yn in oar hol. Dit ha we útgroeven, der kwamen noch 7 kninen foar it ljocht. We ha no dus 13 kninen dy ’t mak wurde kinne.  Hille Bergsma hat tasein dat er se yn syn bernebuorkerijen opnimme wol, mar as der in oar fergees in moai knyntsje ha wol, is wolkom.

De moraal   van dit ferhaal: sjoch in knyn earst ûnder de sturt. Sa hie it net moatten, mar dochs is it ek wol wer hiel leuk. It nestje mei de âlderlytsten hat de eagen noch net iepen, mar krije no al wat hier. Earst kinst kwalik sjen wat it wurde sil, in mûs, in hamster, in knyn.  

Wa it sjen wol is fan herte wolkom.

                                                           Oant oare moanne, Blijke