Dorpssite Reduzum / Friens

It is simmer

Oei, samar simmer. Dit komt hurd oan.
De winterjas hinget noch oan’e kapstok.
Earst yn’e tún alles let en dan no in ynhelslach.
De natuer regelet himsels. Tulpen en narsissen ha kwaliks de tiid om efkes te bloeien.
Fan ús prommebeamke falle de blombledsjes al wer ôf.

Wat in negatyf praat!

De peaske foar de doar en dan sok skitterend waar. Ien en in kwart miljoen minsken geane op fakânsje en foar de thúsbliuwers is it thús ek noflik, bûten wêze.

 

Foar de hûnetentoanstelling yn it FEC is it grif wat minder, net folle besikers. Ik woe ek al mei Wilma Breuer en harren Basset en dan ik mei ús Dizzy meidwaan, mar Wilma wol net. Us Dizzy is no krekt sa moai knipt en doest. Har toutsje efkes waskje en se kin sa meidwaan. Der binne hjir noch folle mear kandidaten: Lia en Hennie mei harren grutte swarte hûnen, keurich opfoeden. Dy kinne sa wol in rûntsje rinne dêr. En dan it jonge hûntsje fan Janke van der Meulen út Idaerd. Dy soe sa de haadpriis winne.

 

Dat winnen, dy striid. Wat is dat dochs yn in minske. Lokkich hat net elts it yn ekstreme mate, sa as Kaddaffi yn Libië. It is yn it nijs wat nei de eftergrûn, mar de boargers binne dêr de ynset en de dupe fan de oerwinningsstriid fan dizze hearser. Dizze man wit wat er docht, hy is sa. Oaren binne net sa, mar wurde der ta brocht troch in sykte (Alphen oan de Rijn) of troch jierrenlange spanning foar útsetting (Baflo).

 

Begryp is ek foar de lêste foarbylden min op te bringen. It bringt tefolle fertriet by famylje en freonen fan de slachtoffers. Yn ús oh sa oardere lân kin dit dus gebeure.

 

No efkes wat tichterby hûs. Ha jimme al jild pind by de nije pin fan 'e Rabo? Sit wat heech he. Minsken, dy 't der net by kinne, meie us wol freegje om te helpen. We delete dan dêrnei de pinkoade fuort en daliks fansels.

As de sinne der op skynt komme we mei in paraplu.

                                                                        

Oant oare moanne,

 

Blijke