Oer moderne technyk sprutsenOfrûne middei haw ik in nije mobyl kocht. In gewoane, yn myn eagen fansels mei in klepke, gjin internet ensfh. Ik koe út ien kieze. Lekker maklik. Wêrom soe ik ûnderweis sjen wolle oft ik e-mail ha en de buienradar opsykje wolle. Ik hoech allinnich mar te beljen en te sms-en. Oer moderne technyk sprutsen. In hiel soad dingen kinst net mear sûnder. Ek fannemiddei moast ik wat besoargje by in bedriuw yn Frjentsjer. Ik wie der earder west, dus ik wist it wol tocht ik. Mar ik kaam fan in oare kant Frjentsjer yn. Mis fansels. En “Lieuwe” lei noch yn de kast thús (wy neame ús tom-tom mei in Fryske prater der yn Lieuwe). Alle hoeken fan Frjentsjer sjoen, LPG en tiid fergriemd. Ik kin net sûnder Lieuwe . . . . En sûnder televyzje soe ik ek net wolle, wylst ik echt net sa folle sjoch. In fikse stamp op de flier en de televyzje giet oan en “Lieuwe makket it noch folle bûnter. Fan út de kast ropt er ús ta: jo binne te plak. De tom-tom is út en op alle mooglike mominten bart dit. Hoe kin dit???? De earste kear skrikst, no laitsje we der om. OK, dêr hast Lieuwe ek wer. Straks nimt de technyk it fan ús oer. Kompjûters . . .kompjûterskriminelen dy’t ús geheimen bleat lizze kinne........Ik hâld op, oars wurdt dit net in fleurich stikje en ik dwaal ôf. It is sa'n feilich gefoel dy Lieuwe dy’t ús fan út de kast tasprekt mei “jo binne te plak”. Hè, hè, we binne te plak. We binne yn Reduzum. Dêr bin je te plak.
Oant febrewaris, Blijke |
|
terug