Dorpssite Reduzum / Friens

Simmer yn Fryslân. . . .

Foar in part fan jimme klinkt der no it deuntsje yn ‘e holle dat alle dagen wol lâns komt op Omrop Fryslân.
Sa ha we allegearre fan dy automatismes yn ús libben.
De wekker giet....útsette dat ding. Je brâne je... automatysk giet de hân werom. Fakânsje.... der op út, fuort.

Dit lêste automatisme fine je werom yn ‘e doarpen yn ‘e simmermoannen. Wat is it dan stil yn Reduzum. Mar as ’t de sifers leauwe moast, binne folle mear minsken thús bleaun.
De earst wike fan ‘e boufak wine we op it Amelân. It wie der hielendal net drok. Mar dat kin oan it Amelân lizze. Frankryk is mear yn trek.

Simmer yn Fryslân. . . .
Wat hiene we in pracht simmer, wat it waar oangiet. De jas is net oan west, de sandalen net út. De hortinsjes hingje oeral slop yn ‘e túnen, de blombakken ferdroegje.   Kânsen foar my mei myn blommewinkel.
Simmer yn Fryslân hat net foar elts brocht wat se ferwachte en hope hiene . Sykte, pine, sikehûsopnames en útsichtleashiet fan net wer better kinne. Ek de oare kant fan it libben giet troch. Foar de simmersinnestrielen moatte wy as doarpsgenoaten soargje. Harren libben is beheind ta in hiele lytse wrâld.
De stilte yn it doarp is relatyf, it libben giet troch. Der binne wer huzen bewenne dy’t al lange tiid leech stiene. Der wurdt wakker omklust en ferve.
De skoalle hat wer nije berntsjes wolkom hjitte kinnen, no nei de fakânsje. It libben komt wer op gong. De kuorballers, de gymnasten, de tarieders op ‘e merke en al dy oare doarpsaktiviteiten binne wer begûn.

De fakânsje hie foar ús bistetúntsje noch in ferrassing yn petto. Lytse knyntsjes.
Somtiden binne wy te goed fan fertrouwen. It knyn Japke waard by ús parkeard en mocht ek wol bliuwe nei de fakânsje. Knyn Japke bleek in Jaap te wêzen, dus jim begripe it al. Jaap hat it drok hân yn ‘e fakânsje. En no hippe der skattige knyntsjes rûn, mar Jaap sit yn ’t hok en is syn frijheid kwyt. Je kinne no ien kear net altyd je hormonen efternei Jaap!
Der binne op termyn fergees knyntsjes op te heljen, no kinne we se noch net fange.

 

                                                           Oant oare moanne, Blijke