Simmer yn Fryslân
Simmer yn Fryslân. Syb (dy Syb foar altyd fan ‘e Kast) sjongt hieltyd yn reklameblokjes om mear minsken nei Fryslân te krijen. Foar fakânsje fansels want we moatte net te fol wurde. Mar it levert mear wurk op en mear ynkommen en dat kin ús provinsje fansels wol brûke. It Marreprojekt bgl. is noch net klear, it jild is no op.
Fryslân is wer yn ‘e ban fan de Alvestêdetochten . . . de old-timers, de roeiers, de kanoërs ensfh. De fytsâlvestêdetocht is dit wykein. Ferskeidene Redústers, Frienzers en Idaerders sille wol wer op ‘e fyts stappe om dizze happening mei te meitsjen.
De rinners binne te plak. (wy hawwe in frysktalige man yn ús tomtom dy ’t as ik earne in blomke besoarchje ropt jo binne te plak. Dy kreet brûk ik no sels ek samar)
Wat hawwe de manlju n en froulju skitterend waar troffen. Dochs hawwe se it sa no en dan wol dreech hawn. De ien wat mear as de oare, it is ek in hiel ein.
Janneke en har suster hawwe it fluitsjend rûn en hiene jûns noch safolle enerzjy dat se de “slappe lach” hiene as se oan al dy gekke oare rinners tochten.
Piter gie bêst dit jier. Syn maat Henk V. syn knibbel siet sa no en dan op slot en de kaai wie net mei. Henk Schaafsma rûn foar de earst kear. Gong ek goed. Fytste jûns noch efkes nei de Swette. Oeltsje hie it wat dreger, syn heup woe net sa ’t Oeltsje graach woe. Mar hy hat de finish helle. Roel siet wol oer him yn, want flak foar de finish moast dy kontrolearje: komt er wol en doe kaam Roel in putdeksel tsjin. Lang út, foarholle, noas en de earm skeind mei bloed. It wie Roel syn tsiende kear, waard ekstra huldige. It foel wol op dat der skeind wie.
Alle dagen rinne, wat besielt je dochs. Fryslân is moai, je komme troch alle soarten lânskippen. De earst dei sjoch je grif it measte, dan is de lea noch net stikken.
Lit my mar rinne by de Swette, moai genôch.
Oant oare moanne,
Blijke
P.S. De mud (bunzing) húsmannet hjir noch om, sneontemoarn doe ik de auto fuortbringe soe om wosken te wurden troch Stânfries, fûn ik in oanfretten wylde ein. Hinnehâlders binne warskôge
|