Sint brekt yn
Wat my no oerkaam is fannacht! Dat wol ik de berntsjes fan Reduzum al fertelle. Ik waard wekker fan wat nuver gestommel. En ek hearde ik in hynder. En dat midden yn ‘e nacht. Ik woe der mear fan witte, dêrom seach ik ta it rút út. Foar de Rabobank stie in wyt hynder, in skimmel, fêstbûn oan it fytserek. Boppe op it dak fan ‘e bank klauteren twa Piten. Sinteklaas seach ik net.
Wat moatte dy Pieten no op it dak fan ‘e bank, dêr wenje hielendal gjin bern. Ik tocht, de klean mar oan en der op ôf, want dit doocht net. Ik rin der hinne en mei komt ek Sinteklaas foar it ljocht.
“Dach Sinteklaas, jo hjirre yn Reduzum? Jo komme dochs hjir net earder as 29 novimber?“
„Dat is wier, mar we moatte nei de nije oanlishaven en dêr bin we noch nea west. Ik woe dat earst ris besjen. Je witte it mar noait, somtiden moatte wy oerstappe yn kano’s of sokswat en dêr wol ik wol op klear wêze. En we witte no ek dat der al in hiel soad huzen steane en we seagen allegear lytse fytskes. Dêr wenje in hiel soad bern.......”
Ik frege: “mar wat dogge dy Piten no op ‘e Rabobank?” Sint andere: “We moatte mear jild ha, want hjir wenje safolle bern. Mar no hat Fluitman de doar op slot. De Piten besykje der no sa yn te kommen.”
Ooo, hearken dêr komt in plysje-auto mei swaailjocht om ‘e hoek. It alarm fan ‘e bank is ôfgien.
No ha jimme it wol yn ‘e gaten. De Piten binne yn ‘e boeien slein en meinaam nei it buro. En dêr binne se no noch haw ik begrepen. Rein Fluitman kin der wol wat oan feroarje, dy hie de doar op slot dien.
Sinteklaas kin net sûnder dizze Piten tinke jimme ek net?
We sjogge it op 29 novimber wol hoe ’t dit ôfrint.
Oant oare moanne ,
Blijke
|