Sis it mei blommen
Mei lytse preteachjes sjocht in lyts oranje liuwtsje my oan. Hy wit it noch net.
Yn it finsterbank fan Marco en Mia stean de grutte oranje wuppies noch.
In beppe rint mei har beppesizzer nei de boarterstún.
It jonkje hat in oranje t-shirt oan mei de namme fan ien as oare spiler der op.
It is sneintemoarn, de moarn nei de wedstryd.
Hjoed ride al dy auto’s mei popkes, flaggen, wuppies, sturten noch wol rûn. Mar yn ‘e rin fan ‘e wike sille dy wer ferdwine. Ek de slachter kin syn oranje hammer wol wer oppakke.
De Olympyske Spelen kin natuerlik ek wol suksessen opleverje, mar dat is oars.
Moarntemoarn docht de bakkeleger fan ‘e gemeente syn oranje prúk net wer op. Yn ienen kin dat net mear.
Frjemd net, sa grut dy behoefte by minsken is om as groep werkenber nei bûten te treden. It jout in feilich gefoel, ferdivedaasje en je ha wat om oer te praten.
De kommersy springt der boppe op. De eksamen- en jierdeiskadootsjes ha faak oranjegeintsjes west. It is even leuk en dat wie it dan.
As blomwinkel soe ik dêr ek efter oan drave moatte. Ynspringe op de aktualiteit. Hiene se no wûn, dan hie ik der net mear om hinne kinnen. In pear oranje gerbera’s foar elts rút docht it ek wol goed hear!
Ik bin net sa fuotbaleftich, mar it is dochs wol leuk allegear. It trochbrekt de sleur en it fleuret it libben op. Wat dat oangiet, dy oranje fuotballers op dat griene gers docht it goed.
Al mei al it is dochs wol spitich dat se ferlern ha. Of sil ik no mar wite gerbera’s bestelle? Ruslân hat in Nederlânske coach.
Oant nei de fakânsjes, Blijke
|