SlieppietDit giet oer de slieppiet fan Sinteklaas.
Yn Spanje is it net sa slim, mar as se hjir binne ha de pieten it sa drok.. Ferlanglistkes ophelje, wat yn ‘e opsette skuon dwaan, pakjes keapje en ynpakke. Se moatte ek mei Sinteklaas nei al dy plakken dêr de berntsjes op harren wachtsje. De slieppiet wurdt sa wurch fan al dy drokte, sliepe wol der. Kinst dy dat foarstelle? Mei wiete waskhantsjes en trompetmuzyk fan de muzykpiet alles probearje de pieten. Jimme begripe dat de oare piten der skjin genôch fan krije. “As it no moarn wer sa’n drama is, moatte we der mar ris oer fergaderje” fynt pakjepiet 1. De oare deis sette se slieppiet syn bêd rjocht oerrein tsjin de muorre, mar piet sliept troch. Mûspiet, jim witte wol dy piet dy alle sûkelade mûzen ynkeapet, hat in plan. “Set mar del dat bêd, ik gean hurd nei de bistewinkel en keapje in pear echte mûzen”. De oare piten sjogge elkoar oan, wat wol der dêr no mei? Fuort is mûzepiet al. As der wer komt hat er twa wite mûskes mei. Hy lit se los op it bêd fan slieppiet, mar oh jé, dy muzen rinne net dy kant út as mûzepiet tocht hie. Se drave, piep, piep troch it hûs. Dêr sjogge se in swarte berch mei in reade lape der boppe.. Ruf der by op en dan is dêr in wite hân en in reade mouwe. Se krûpe der by yn. “Help, help, wat is dit hjirre, der sit wat yn myn mouwe. Opperpiet help my!” Wat wie der gebeurd? De mûzen binne yn Sinteklaas syn mouwen kropen. De mûzekeap wie net sa’n sukses.
No moat der dochs mar ris fergadere wurde. Alle piten binne it der oeriens, mei dizze piet kinne se neat. Se wolle him kwyt. “Wit jim wat we wol dwaan kinne? We pakke him yn in pak, hy sliept wol troch, en sette him op ‘e stoep by prins Willem-Alexander en Maxima. Prins Alex is de wetterprins en dy hat yn syn grutte hûs wol sân baaikeamers. As dy ús piet net wekker krije kin dan kin net ien it.” Alle piten binne it der mei iens. It is wol in hiel gesleep mei dy piet. It pak is ek hiel grut! De bewaking by it hûs fan de prins fynt it pak wol hiel grut mar lit se der wol troch. Der binne per slot fan rekkening ek trije prinseskes. Se belje oan en roppe troch it sleutelgat: “Hjir binne fjouwer piten, stjoert troch Sinteklaas. We hawwe in pak foar de prinseskes!” En fuort drave se wer, se hawwe noch mear pakjes fuort te bringen. De grutte doaze wurdt binnen sleept troch in lakei. De prinseskes dûnsje de omhinne. Wat soe der ynsitte, in kapsalon foar de Barbies, in wychje foar de poppen? “Pappa, mamma kom gau. Der is in pak kommen!” Alex skuort it papier der ôf en docht de doaze iepen. En dêr leit slieppiet. Hy docht ien each iepen en dan noch ien. De prinseskes raze: “It is net in kado, it is in piet”. Se moatte gûle, hiel hurd gûle. De sâlte triennen druppe yn piet syn eagen en hy wurdt wekker, hiel wekker. Hy skoddet mei de holle, springt út de doaze en draaft hurd fuort nei’t er de doar iepen skuord hat. It docht sear yn syn eagen dy sâlte triennen.
Nei dizze kear komt piet eltse moarn fuortendaliks fan ’t bêd. As jimme ien fan dizze dagen in piet sjogge dy’t yn syn eagen wriuwt dan witte jimme dát slieppiet is.
Oant takom jier,Blijke
|
|
terug