Wêr bliuwt de tiidMinsken fan no kinne en witte folle mear as eartiids, tinke wy. Oan de oare kant wurdt der wat moade en hûsynrjochting oangiet werom grypt nei âlde tiden. Rinne we wer yn yn houtsje-toutsje jas of yn in keep, wide pipen yn’e broek en breiden truien. As je de breiden truien nea ôfskaft ha, dan sit je no wer goed. Doe’t wy in lytse 30 jier tebek nei Reduzum ferhúzje soene begûn ik mei it haken fan in flierkleed, hiele dikke wol en mei in grutte haaknulle (it is spitigernôch nea ôfkaam, fan it haken krige ik in peesûntstekking yn’t skouder). Mar no binne der wer flierkleden haakt of breide fan dikke wol.Dat werom komme op âlde dingen is dat no nostalgy of in te min oan fantasy? Elts hat no ek wer grutte fytstassen, jierren wie it wol sa âlderwetsk. Mar sa as no blykt dochs wol hiel handich.
Ik fyn, je moatte ek ris wat oars yn’t libben. No’t wy sa no en dan yn Ierlân binne, sjoch je hoe’t oare folken binne. It ferskil yn oansjen fan de minsken is dêr grut. Fan hiel âlderwetsk, oant suterich en oant super nuffich mei hege hakken fan 20 sintimeter. Sa ha je moai wat om nei te sjen.
Oant oare moanne, Blijke |
|
terug