Dorpssite Reduzum / Friens

Yn de prizen

In priis! We hawwe 22 euro yn ‘e staat wûn!

Dat is in priis dêr ’t je seker fan binne. It wurdt kreas op je rekken stoarten. Mar wat is der feitlik oan. In priis moat je beethâlde kinne, oan oaren sjen litte. Sa as Afke Zijlstra ynkoarten wolris op har nije fyts dy’t se by de ferlotting fan de keatsclub wûn hat troch de buorren fytse sil.

Dy kinne we dan bewûnderje. Mar in jildbedrachje op je rekken giet gewoan op oan boadskippen of oars oan nije lotten.

Mar it kin . . . . . in kear in astronomysk grut bedrach winne. Ha jim ek lêzen fan dyjinge dy’t by ’t ferlitten fan it casino noch efkes in muntsje yn in automaat goaide en der doe 1 miljoen euro útkaam. Ha je wol in apart probleem, wêr moat je der mei hinne, ûnder it kessen, yn ‘e sentrifuge, yn ‘e kontainer. It moat in plakje wêze dêr’t in dief net drekt siket. It kin yn ‘e brânkast fan ‘e buorman. Mar is dy wol alhiel te fertrouwen???? Banken dêr kin je it jûns let net kwyt.

 

Ik haw in pear moanne wachtte om it jimme te fertellen. Ik haw yn juny ek in priis wûn. Jawis, hast krekt sa’n moaie as Afke..

Op in freedtemiddei waard der belle. “Witte jo wol dat jo in priis wûn ha?” No nee, dat wist ik net. It bliek ien fan ‘e haadprizen te wezen: in bikestepper, wol € 600,- wurdich.

“ We bringe him fannemiddei noch”. Spannend, gjin idee wat in bikestepper is.

Ynternet oan en opsykje. Oh jé, dit is net alhiel foar ús leeftyd. It ding kaam en we ha him fan alle siden besjoen: it bliek in fyts sûnder sadel en mei twa plankjes yn ’t sté fan trapers dy’t op en del bewogen wurde moatte om foarút te kommen.

Henk soe it direkt marris besykje: it stek út en fuort. It duorre in hiel skoft eart der werom kaam. Ik tocht dy hat de smaak goed te pakken. Doe er wer om ‘e hoeke kaam rûn der neist de bikestepper, it bloed rûn him by de skonken del. By de earste bocht hie der wol wat ratteljen heard. By de twadde rattele it hiel plankje der ôf en Henk rattele der efteroan. Wat bliek, der wie in moer finaal ôfbrutsen.

We ha de minsken dy’t ús de bikestepper brocht hiene belle, dy ha him wer ophelle en dy soene him nei dy grutte fytsefabryk yn ús “sportstad” werom bringe. We ha der noait wer wat fan heard. Wol wat nuver. Sa ha je dochs mear oan in priis yn ‘e staat fan 22 euro. Kin je in taartsje, in stik tsiis, in flesse wyn en sa fan keapje. Lekker.

 

Mar hawar wat is no de werklike wearde fan in priis. In sûne lea en it lok wat fine kinne, it lok dat yn hiele lytse dinkjes sitte kin, dinkjes dy ’t neat kostje, in freonlik wurd fan ien, in laits, in ezel dy baltet om”t er dy sjocht. As ’t it mar sjen kinst.

 

                                                                       Sûnens en oant oare moanne,

                                                                                              Blijke