Dorpssite Reduzum / Friens

Het zijn de kleine dingen die het doen

Ik wit net mear wa’t dat ea sein hat, mar it is in wierheit as in dyk. As dy lytse dingen ek noch ûnferwachts binne dan is it ekstra leuk.

Sa ferklearje ik it sukses fan ús skyldpod Foekje mar. Altyd it spannende, sit se der of sit se der net. En dat jilde foar jong en âld. Ja it is jilde, want Foekje is net mear. De wintersliep duorre ek wol hiel lang. En doe kaam se boppendriuwen. . . . dea.
It is te lang kâld west of wie it wetter yn ‘e fiver te grien. . . we witte it net. Mar it is wol sa dat it sa leuk wie, net allinnich foar oaren. As we it wetter wat helderder ha, tinke we der oer in nije te sykjen. Ik hâld wol in slach om de earm, de blêden fan de wetterlelie binne no wol folle moaier.

En sa is it mei alles, alles hat syn foar en syn tsjin.
Foar je sels is it it maklikste en lit it mar gebeure, it komt op je paad as net. Allinnich sa wurket it yn ‘e praktyk net.   Minsken wolle it graach oars as dat it op je paad komt. We jouwe ús net samar oer oan alles en dat is mar goed ek fansels. In oare fint, huppeké de oare oan ‘e kant. In prachtich nij bankstel, hup it âlde fan ferline jier nei de rommelmerk.
Somtiden moat it roer om en dan kin der wolris wat goeds op je paad komme.(jimme tinke hjir mar by wat jim wolle) en dêr moatte inisjativen foar nommen wurde.

Inisjativen nimme . . . .
De trije dagen kuiertocht fan Reduzum. Ien hat it idee hân, mei oaren it inisjatyf nommen en sjoch der ûntstiet wat dat troch in hiel soad hiel leuk fûn wurdt. En wat leuk fûn wurdt lûkt oaren mei. Ferskillende boeren wiene ré om minsken troch it lân rinne te litten.
Rinnen is yn, dus it is de aktiviteitenkommisje ek wol wer op it paad kommen fansels. Fan it ien komt it oare.
Fan de sinne wurde je read, fan read wurde bin je in fjoer, fjoer ropt om wetter en fan wetter groeit it gers ensfh. ensfh.  

                                                           Oant oare moanne, Blijke