Yn en om ReduzumWaf, waf, èf, èf, èf……(dat binne ús hûnen). It is sneintemoarn 21 maart. Se wolle my fertelle dat se it in geweldich idee fine om mei my nei de Swette. Net dat we nei de Swette geane, ik haw allinnich mar tsjin harren sein: “Gean jim mei jonges?” Dat ik in panne, in bakje en in meske yn ‘e hân ha en dat ik dat echt oars net mei nim nei de Swette is harren net opfallen. In bist is sa hearlik direkt yn it uterjen fan syn blidens en ôfkear. Froukje de Ree fytst lâns mei har hûn. Wer waf, waf, èf, èf.. No fine se dat Froukje en har hûn der net wêze meie.
In wike lyn is ien fan ús guozzen dea gien. It bist wie al in pear dagen net goed. Syn maat wykte net fan syn side. Doe’t er stoarn wie siet er der neist en makke in frjemd piipjend lûd. Ut syn eagen spruts sa’n grut fertriet. We ha him bûten brocht by in ein. Net mear allinnich. Hy stie sa no en dan noch boas by it stek te lawaai meitsjen: “Ik wol him sykje, ik wol him net kwyt”. It is wat sa´t bisten harren echt hechtsje oan elkoar. Nei in wike is de rêst werom. De ein is no it maatsje.
Mei dit stikje kin eltsenien mei fiele, it giet net sa djip. De kear hjir foar haw ik skreaun oer minsken en dan ek noch oer minsken út ús eigen doarp. Dan wurdt it in oar ferhaal. It gie oer de taal, dy ’t minsken brûkten om harren miening nei foaren te bringen. Guon leine dit út as in polityk ferhaal, dat it net wie. Minsken moatte respektfol mei elkoar omgean. Giet it ferhaal oer minsken dy wat fierder ôfstean, dan kin elts it mei fiele (it famke út Dordrecht, de frou út Frjentsjer). We libje yn in frjemde wrâld.
Ien en tweintich maart, de earste dei fan ‘e maitiid. In doke ropt roekoe, de krookjes stekke harren kopke boppe de grûn. It is hearlik waar. De sinne is goed foar minsk, bist en blom. De greiden binne yn 2 dagen grien, Hylke hat al it earste ljipaai fûn. “It het nog noait so donker west, it wod altyd weer locht” sjongt er immen. En sa is ´t mar krekt.
Oant oare moanne, Blijke |
|
terug