Yn en om ReduzumIt is wer sa. It giet hast mis. Myn mem hat my eartiids noch sa leard: “Stel niet uit tot morgen wat ge heden kunt doen”. It is no sneintejûn 20 juny, moarn wurdt de Linepraat drukt. Der binne sa´n hiel soad dingen dy´t ik wol leard ha, mar net sa doch. Dat binne de genen fan myn heit. Net dat dy net doogde hear!
Wat doch ik sa al mear net: jûns ôfwaskje foar ik op bêd gean (stiet der moarn ek noch wol), altyd der rekkening mei hâlde dat der in brêge iepen stean kin, as ik earne op tiid wêze moat (koe noch krekt dit of dat efkes dwaan) en sa bin der noch wol in soadsje mear. Mar ik doch ek wer dingen wol: lit dingen goed ta dy trochdringe en stap net oeral maklik oerhinne. Ha oandacht foar wat in oar dy te fertellen hat en doch foaral goed dyn bêst. As boppesteande no wol altyd sa handich is, falt te besjen. It makket myn holle hiel faak fol, sa fol dat er neat mear by kin. En wat komt dêrfan? Dingen ferjitte. De winkeldingen ferjit ik net sa gau, dat skriuw ik op. Oare dinkjes komme fansels wol wer boppe driuwen. Bisten en húsgenoaten dy’t iten of oandacht ha wolle roppe wol. Mar de kompjoeter ropt net, allinnich Geeske ropt úteinlik wol. . . komt der ek noch wat fan dy?
Hoe soe dat mei ús basisskoalleberntsjes wêze? Soene dy hollen no net ferskriklik fol wêze? Keatse, swimles, gitaarles, skuolkampioenskippen kuorbal fan Fryslân, mei de bus nei Kampen foar de finales fan Nederlân, skoalreiskes, in bedriuwedei mei berne-aktiviteiten, fiskwedstryd, jierdeifeestjes dy’t noch foar de fakânsje regele wurde moatte, in juf dy’t troud, juf Tet en master Henk dy´t nei de fakânsje net wer komme . . . DROK , DROK. Sliepe en de holle wurdt wer leech.
Yn ‘e winkel hear ik fan alles, meastentiids gelokkich fleurige ferhalen. Mar alles sla ik wol op. Ek dingen dy´t oars op myn paad komme, kinne je oangripe. Sa as de besite dy´t ik mei in groep oan de Turkse moskee brocht. Folle wit ik net fan oare religy’s, dus ik woe dat wolris sjen en heare. Elts soe dit ris hearre moatte. In jonge man fertelt hoe de islam yn elkoar stekt en hoe´t hy dêrmei omgiet . . . hiel fredeleavend en in iepen ear foar bygelyks de kristlike minsk. Oan ‘e ein fan ‘e jûn fertelt er in pear minsken, wat it foar him betsjut dat Wilders sa’n oanhang hat yn Nederlân. Eartiids as hy nei famylje yn Turkije gie, fertelde der oer syn heitelân Nederlân, wêr ’t er yn frijheid libbe. No fielt it of der net yn Nederlân heart, mar ek net yn Turkije. Gelokkich ha we no de wrâldkampioenskippen fuotbal. Wêr as je widze ek stien hat, yn it Nederlânske alvetal kin je ynsetten wurde. Elts blaast op deselde vuvuzela’s (sa hjitte de TNT toeters no, hoege Bauke en Adri harren ek net mear skuldich te fielen). Us ezel kin der net tsjin op.
Oant nei de fakânsje, Blijke |
|
terug