Yn en om ReduzumAugustus 2010 Meastentiids komt it der net fan om bgl. de Mid Fryslander goed te lêzen, mar yn ‘e fakânsje as der fierder net sa hiel folle bart, lês ik ek ris Menno, ús bistedokter, syn stikje. Der stiet in foto by fan dat jinge dêr’t Menno oer skriuwt. In kat mei twa keunstpoatsjes. De mooglikheden fan de wittenskip gean hieltyd troch. Noch efkes dan kinne we mei de hûn om in keunstheup, mei de kat om in nije hartklep, mei ús ezel om in implantaat (nedich nei it koagjen op it stek) en mei ús geit om in buikkorreksje. En dit alles kin as we in lotterij wûn ha. It is dochs in frjemde wrâld. Yn grutte stikken fan ‘e wrâld kin in minsk net iens ite, lit stean in keunstskonk krije. Yn de rike lannen ha de bisten mear mooglikheden. It ferhaal fan “Kareltje met de houten poot” (Kareltje is in mieuw) út it boek Pluk van de Petteflet, wie in fantasijferhaal fan Annie MG Schmitt. Hielendal noch net sa gek betocht. Wat skriuwers yn harren fantasij betinke is dus yn ‘e werklikheid ek mooglik. De thriller fan Nij Beets soe sa yn in thriller fan Nicci French foar komme kinne. Of is it in horrorfilm, yn elts gefal in drama wat net te befetsjen falt. Dizze simmer binne der folle drama’s op ‘e tillevyzje foarby kaam. Moskou wiken yn ‘e reek fan heide- en boskbrannen by temperaturen fier boppe de 40 graden. De rivieren yn de Dúts/Poalske grinsstreek allegear bûten harren oevers, Sjina ûnder wetter en dan Pakistan, miljoenen minsken dakleas en hiele gebieden ûnder wetter. Yn al dizze lannen binne de oogsten ferlern gien, dus it sil lang duorje foardat de swierrichheden oplost binne. Ik skriuw oer Reduzum e.o., mar de hiele wrâld komt ommers by ús yn de keamer. It wie wer superstil yn Reduzum, útsein dy ezel fan ús fansels. Wy wiene mar ien wike fuort, mar it like of oare Redústers der wiken net wiene. Mar moarn, it is no snein, wurdt it wer oars, skoalle begjint wer. Noch 2 wiken en it is merke. En dêrnei begjint it doarpslibben wer echt. Ek by ús gebeurt der wer wat, Henk syn klanten binne wer oan it wurk en dus ha se him wer nedich. Ek myn hanneltsje komt wer op gong. Ik ha der wer sin oan!! Oant oare moanne, Blijke
|
|
terug