Dorpssite Reduzum / Friens

Yn en om Reduzum

Juny 20111


Reduzum doarp do bist fan my

Hâld sa’n bulte dochs fan dy

Mei dyn toer sa steil en stoer

Sjochst do fier de fjilden oer ...

 

It Redúster folksliet, we hawwe it net heard de wike fan Doch it foar dyn doarp, mar it gefoel dat der by heart ha we oan alle kanten murken:

De leafde foar ús doarp en om der mei-elkoar wat fan te meitsjen.

Der binne net folle dy’t neat meikrigen ha fan ‘Doch it foar dyn doarp”. En dy’t dat net meikrigen ha lêze dit stikje ek fêst net.

 

Dit wie in dúdlik foarbyld hoe’t dingen yn Reduzum organisearre wurde. Sa kin je as doarp wat op poaten sette, as it no om Doarpsbelang mei al syn wurkgroepen giet, of om in live tv-útstjoering troch Reduzum. Safolle mooglik minsken derby belûke en dêrtroch belûk je ek buorfrou, beppe, skoanmem ensfh. derby.En of we no de € 10.000 winne of net, de winst is al binnen: De gesellichheid en it entûsjasme mei-elkoar; fan lytse Brecht oant Simon Okkinga, fan Lieuwe oant Tryntsje ensfh ensfh.

De kommisje is tige slagge yn dizze opset.

 

Sa hjir en dêr is wolris sein wêrom is Arnold no de presintator, dat is net in Redúster.My tinkt dat is er wol, want bin je pas in Redúster as je hjir ek sliepe? Mar Arnold, der steane noch wol wat huzen leech, dus ek dat sliepen moat in oplossing foar komme kinne. Us keninginne hat it goed besjoen: ‘Hjir moat ik hinne om myn âlde dei te sliten”.

 

En it wie noch net genôch, Pinkstermoandei Mid-Fryslân 1 kampioen. 

It is dat we it diele moatte mei Grou mar it fielt dochs wol as in Redúster súkses. En no bin ik net iens in kuorballer, mar ha wol in koart skoftke besocht it te wurden.

In karriêre siet der net mear yn, dêrfoar wie it te let. It skoalwurk wie belangriker by ús thús yn Easterwâlde. Hie myn widze yn Redúzum stien, wie it fêst oars rûn.

 

En dan lês je yn dit selde wykein yn’e krante dat in âld Redúster (mar noch wol altyd in belutsen Redúster) in bern samar ferlern hat, en drekt dêrnei syn mem.

Blidens en fertriet lizze hiel ticht byelkoar.

Lieuwe en famylje fan dit plak ôf sterkte mei it omgean mei sa’n grut gemis.

 

Oant augustus, Blijke