|
Reduster folksliet
Sjong meiSjongnocht mei
Oant iene kant spoar oan de oare kant de wei
dêr tusken Reduzum dat doarp leit ús sa nei.
Mei greiden op klei mei de bêste Fryske kij
Reduzum ik hâldt sa fan dij.
refrein
Reduzum doarp do bist fan my 'k hâldt san bulte dochs fan dy
Mei dyn toer sa steil en stoer sjochtsto fier de fjilden oer
mei dyn greiden op dyn klei bliuwsto my altyt sa nei
wer't ik kom yn't hiele gea ferjit dy nea
Op't plattelân en dochs sa tichte by de stêd
dyn keatser en kuorballers op it grien mêd
Gymnasten dyn sjongers dyn wrotters eltse dei
Reduzum do bliust my sa nei.
refrein
Moat ik dy ferlitte ferjitte doch ik dy net
foar dy bliuwt in plakje yn binnenst myn hert
Dyn ienheid wêr fynt men dat earne oar ek sa
dêrom kom ik nei dy grif wer ta.
refrein
|