Jubileum fytstocht
29 maaie 2011 - Om it 100 jierrich bestean fan de Blauwe Tinte in feestlik tintsje te jaan, waard der hjoed in jubileumfytstocht útskreaun. Krapoan 50 minsken, grut en lyts, trotsearren de hurde wyn foar in moai ritsje.
Der waard starten by de tsjerke. Om’t dit it wurkplak wie fan dumny Boers, de oprjochter fan de Blauwe Tinte. Mei de routekaart en foar elk in fleske AA-drink (jaja, hjir is oer neitocht) koene we los. Op ‘e fyts by de Swette del, op nei it Weidumerhout. Hjir splitste de route him op foar de lange route rjochting Boksumer daam, en de koartere troch Weidum rjochting Mantgum, dêr’t letter beide routes wer by-elkoar kamen. We gongen fierder troch Skillaard, nei Wiuwert en Klaaiterp. Nei in stimpel fan Agatha oer it binnenpaad nei Easterwierrum. It dreechste stik fan it parkoers, sa die letter wol bliken, om’t sûnder drank guon minsken hjir it paad net rjocht hâlde koene.
Yn Raerd wie der in optreden fan Sjongnocht.
By oankomst yn de Blauwe Tinte, wie it as wiene we in ieu tebek yn de tiid. Egge en Bea hiene har fansels goed taret op dizze dei. Mei in bakje kofje en in stik oranjekoek koene we ús dêr mar noflik deljaan.
|