Dorpssite Reduzum / Friens

Doarpsbelang: Ferslach jiergearkomste 2 april 2009

 Ferslach jiergearkomste Doarpsbelang Reduzum 2 april 2009

 1.    Iepening
Om goed 8 oere iepent   foarsitter Piter Renia dizze Doarpsbelang jiergearkomste mei de wurden: Jûn. Wolkom. Yn it foarste plak de leden fan Doarpsbelang, want dêr draait it jûn fansels om, mar ek wolkom de riedsleden , de persminsken e.o.
Wer in jier foarby yn ús lytse mienskip. In jier fan freugde en fertriet, fan berte en stjerte. Hiel tryst somtiden. Faaks te grut foar in lyts minske.
We bin hjirby elkoar om te sjen wat der ôfrûne jier dien is yn en foar ús doarp. En wêr ’t we op ta moatte de kommende jierren.
Op de gearkomste mei de wurkgroepen yn febrewaris, ha we hearre kind, dat in doarp as leefber betitele wurdt as it in sosjale gearhing hat.   Men moat der wenje en libje kinne. De minsken kieze foar dy doarpen, dy ’t in ienriedige binne, in goede útstrieling ha.  Dy ’t in wy-gefoel oproppe. Der moat in ferskaat oan huzen wêze, de nedige romte. en saken as bgl. rinpaden ensfh.

Ferienings binne wichtich en in plak om by elkoar te kommen. In sportfjild en foar de âlders fan jongere bern boartersplakken en leafst ek noch in basisskoalle.   Ferfier en ek winkels of wurkplakken skoare leger op it winskelistke.   We sil dus mei elkoar soargje moatte dat Reduzum in noflike oarde is der om mei elkoar te wenjen, te libjen. By de wurkgroepferslagen sil we it der grif oer ha. In pear opmerklike saken binne op foarhân de nije ûntjouwing fan de Swin/Swette groep, mar ek de wederopstanding fan de wolwêzengroep, dy ’t sa mar yn ienen yn klappers docht.

Wat is der bard dit jier? Hiel globaal as gearfetting.
Fan súd nei noard.
In benzinestasjon op it karpoolplak is der net kaam. Benammen Tsienzerbuorren en de Wite Brêge seagen tefolle beswieren op it mêd fan ferkear. It karpoolplak sels is drok yn gebrûk, soe opknapt wurde moatte, mar provinsje en gemeente ha dat oangeande noch gjin stappen dien. En wy ha it ek efkes lizze litten.

De strjitwei soe fan de Blauwe Tinte ôf oan Trije Romers ta 60-km wurde moatte. Dan kinne we frij ynfâldich it nije rinpaad.oantakje. Dit rinpaad, rûchwei oer de besteande boudyk, liket kâns fan slagjen te ha. We komme der aanst op werom.

It Swinlân is ferline wike offisjeel yn gebrûk naam om it sa mar ris te sizzen. Us mûnegroep soarge foar ljocht en de provinsje foar apels en parren, mar de Haven is noch net klear en dy koe dus ek noch net oerdroegen wurde oan de havengroep. En boartersark foar de bern sil der ek noch komme moatte.

Op Trije Romers woene we eins it bushokje opknappe en ferpleatse. It rinpaad is foar gong.
De Legedyk is suterich en sels gefaarlik hjir en dêr. We ha kear op kear om ûnderhald frege, mar de gemeente hat it noch net op de list fan útfiering stean. Faaks moat der in wâlbeskoeiïng bylâns.

Op it sportfjild wurdt opteard foar keunstgers, mar oft dat slagget? We sil sjen.

Wolkom docht yn werstrukturearring. Guon wenten wurde sloopt en nijboud, guon wurde opknapt of ferkocht.

De urnemuorre is noch net yn beeld, mar de bestimmingsplannen binne sa goed as klear.

De terp is yn oare hannen oergien en sil yn âlde luister hersteld wurde.

En de Greidhôf komt ek frij. Faaks dochs noch in plakje foar lytsskalige bedriuwichheid.

Wy as bestjoer ha ús ridlik yntinsyf dwaande hâlden mei dy bedriuwichheid, hjir yn ús doarp.   Nei it ôfwizen fan it bedriuweterrein troch de provinsje ha we besocht oare wegen yn te slaan. We ha kontakt socht mei gemeente, provinsje, plattelânsprojekten, doarpswurk, Welkom.

Tagelyk is der troch de Sakeklup en Doarpsbelang in nije wurkgroep yn it libben roppen, de WURKgroep . Dizze hat in ynventarisaasje makke fan de fraach en it oanbod yn ús doarp. Fia de wurkgroep wurdt besocht fraach en oanbod by elkoar te bringen. De earste stapkes binne wilens setten.

It optugen fan in pilot oangeande de wurkgelegenheid yn ús doarp is earst op in sêft sin setten. Ferstandiger is it om   earst in nij masterplan te meitsjen, dêr ’t al it boppesteande yn ferwurde en ferwurke wurdt. We sil der mei te set.

Mei dat alles en noch folle mear. En jûn is de start. Wolkom!                             

2. Meidielings en ynkommen stikken
*   Meidielings binne dat meitinker Afke Krikke har yn de gearkomste efkes foarstelt, dat de defibrilator op de wurklist  komt by punt 10 en dat it rinpaad troch in fotopresintaasje neier taljochte wurde sil.

* Der is berjocht fan behindering ynkommen fan: Wilco de Boer, Jan Hemminga, fam. Langeberg, Minne v/d Sluis, Janet Wijnstra, Rein Fluitman, Henk Harte, Anita Terpstra, Minke Jorna, Ale de Jager en ponghâlder Harke van der Wal.

* Ynkommen stikken binne der net.

3. Ferslach gearkomste 3 april 2008
Op it ferslach binne gjin op- en oanmerkings.

4. Jierferslach 2007
Ek op it jierferslach komme gjin reaksjes út de seal.

5. Jierferslaggen en wurkprogramma 2008 fan de wurkgroepen

  • By de behanneling fan de   ferslaggen fan de kearnwurkgroep, de ferkearsgroep, de Wiete Haven, âld papier, de internetgroep, de boarterstúnkommisje, de WURKgroep, de jeugdkommisje, de argyfgroep, Jeu de boules en Swin.Swette wurde gjin fragen steld.
  • By de behanneling fan it ferslach fan wolwêzen stelt meitinker Afke Krikke har foar. Hja is fanôf 1maart de meitinker yn Reduzum. Hja wurket foar de Mienskipssoarch yn gearwurking mei Leppehiem, de gemeente en de wenningboustichting. Binne der fragen oer soarch, dan kinne jo by har terjochte. Ek fertelt hja dat hja mei de wolwêzengroep yn Reduzum in frijwil- ligersbank oprjochtsje wol, dêr’t minsken foar putsjes terjochte kinne. Nijs fan har kant komt yn de Linepraat.
  • By de behanneling fan it ferslach fan Swinlân leit Durk van Gorkum 2 fragen foar oan de gearkomste. De earste giet oer in swimplak foar de jeugd; moat der in foarsjenning oanlein wurde?  De twadde fraach giet oer it paad oer de terp. Foarstel fan de wurkgroep is om gjin paad oan te lizzen en om te wachtsjen of der paden ûntsteane. It jild, foar oanlis fan dit paad, kin dan brûkt wurde foar it rinpaad. Fjirderop yn de gearkomste, by punt 10, krije de leden de gelegenheid om op dizze beide fragen te reagearjen.

6. Finansjele ferslagen

  • By de eksploitaasjerekken en de begrutting freget Durk van Gorkum wêr’t de € 1000,-- fan de ferkearsgroep foar ornearre is. Dit blykt foar in nije pattegrûn en in nije weiwizer te wêzen. De € 5000,-- by projekten is bestimd foar it rinpaad.
  • Wurkgroepen, kommisjes en merkekommisje; gjin fragen

7.  Kaskommisjes

  • De boeken fan Doarpsbelang binne neisjoen troch Jeroen van Dijk en Tsjeppy Hylkema. It wie dik yn oarder.
  • De boeken fan de Merkekommisje binne troch troch Anneke Wijnstra en Bartle de Leeuw kontroleare; ek hja koene gjin rare dingen fine.
  • De kaskommisje fan kommend jier bestiet út: Tsjeppy Hylkema en Tsjitske Spijkstra, resereve Dolf Bouwense. De kas fan de merkekommisje wurdt kontrolearre troch Bartle de Leeuw en Ale de Jager; reserve hjir is Anneke de Boer

8.  Bestjoersferkiezing
Geartsje Bokma giet nei 5 jier út it bestjoer, kandidaat nij lid is Binne Sjonger. Der binne en komme gjin beswieren yn, fandêr dat Binne fanôf dizze gearkomste in sit yn it bestjoer fan Doarpsbelang kriget.

Piter stiet efkes stil by 5 jier Doarpsbelang fan Geartsje. Hja is doedestiid yn it bestjoer kaam, omdat Tsienzerbuorren graach ris in fertsjinwurdiger ha woe. Hja is goed op ´e hichte fan it tinken yn dizze hoeke, dat die bliken doe’t der in fraach kaam foar in benzinestasjon op it carpoolplak. Fierders hat hja op alle gearkomsten de notulen makke. Foar dit, mar ek foar oare saken, tank fan it bestjoer yn de foarm fan in fotoboek, de ets en in bosk blommen.

Ek stiet Piter ek efkes stil by it wurk fan de wurkgroepen. Wurkgroepen binne wichtich, it wurk kin oer in protte minsken ferdield wurde. Ôfrûne jier is de fraach by de wurkgroepen foarlein om te sjen of der genôch ferrin yn harren wurkgroep is. Yn sommige wurkgroepen soe it better wêze dat der minsken ophâlde. Dit die fertuten, der wurde noch 6 bosken blommen útdield . Blommen geane nei Adri Hallema (wolwêzen), Angelique van Haeren (kearnwurkgroep), Binne Sjonger (ferkearsgroep), Jehannes de Groot (Wiete Haven), Klaas Dijkstra (mûnegroep) en Siep van Lingen (boarterstúnkommisje). Lêstneamde wie in tige aktyf lid yn de kommisje, fandêr dat hy ek noch in ets kriget.

9. Doarpsbehear
Hjir oer kin de foarsitter in koart ferhaal hâlde, dit oerlis is der einliks net mear. It konvenant is der noch en wy krije wy noch jild foar fergaderkosten, dat is it iennichste

10. Saken dy’t ús omtinken ha

  • Rinpaad Swinlân/Strjitwei
    Durk van Gorkum fertelt oan de gearkomste, troch it sjen litten fan foto ‘s, wêr ’t it rinpaad komt te lizzen. It begjint by him sels thús, giet om de kavel fan Ale de Jager hinne, rjochting de Dwinger (dy ’t opknapt wurde moat) en rint dan oer in skulpepaad rjochting de strjitwei. It earste begjin is der, de modder foar it opheegjen fan de kaden leit der. De € 24.000,-- dy’t it rinpaad kostet kin betelle wurde troch subsydzje, eigen wurk, jild net brûkt yn Swinlân en de Rabobank. De rekken dy’t oerbliuwt, wurdt betelle troch Doarpsbelang.
    Fraach is der oer it ûnderhâld. De earste 5 jier moat Doarpsbelang sels foar it ûnderhâld fan it skulpepaad soargje, it gers wurdt troch de gemeente meand of troch skiep koart hâlden en by de Dwinger wurdt de begroeiïng “natuurlik” hâlden.
    Fierders moatte de hûnen oan de line en soe it goed wêze dat der prullebakken lâns it paad komme.
  • Pilot WURKgroep, bedriuwichheid, starters
    Piter fertelt oer it ûntstean fan de WURKgroep. Nei dat bekend waard, dat der yn Reduzum gjin bedriuweterrein kaam, moast der oar plak socht wurde foar de ûndernimmers, dy ’t oan hûs te min romte hawwe. Kontakt is der socht mei de Sakeklup en sa is de WURKgroep ûntstien. Dizze groep hat wer kontakt socht mei Doarpswurk, gemeente, provinsje, plattelânsprojekten en Welkom. In Pilot wie it doel, in foarbyld wêze foar Fryslân, want der binne yn Fryslân fêst mear doarpen, dy’t itselde probleem hawwe. Yn de earste gearkomste die bliken, dat der earst in nije doarpsfisy komme moat. It doel is om hjir nei de simmer mei te begjinnen; troch húskeamer- gesprekken der efter komme, wêr ’t ferlet fan is, wat der   komme moat.
  • Gebrûk fan de Greidhof.
    Nei hast 2 jier leechstand komt de Greidhof te keap. Spitich dat it sa lang duorje moast. Wat it gebrûk wurde sil, is noch net dúdlik, miskien lytse ûndernimmers. Wol dúdlik is dat de ûndernimmers, dy ’t nei it bedriuweterrein ta woene, net nei de Greidhof kinne.
  • Urnemuorre
    Fraach om it delsetten fan in urnemuorre leit by de gemeente, wy hearre noch neat, útsein de fraach hoe heech de urnemuorre wurde moat. Omdat de gemeente neat docht, ynformearret de kommisje yn Grou en Aldeboarn wat it kostet. It kin noch wol 3 jier duorje foardat dizze muorre der stiet.
  • Takomst hierwenten
    De bewenners fan de hierwenten yn Reduzum hawwe fan Welkom in folder krigen, dêr ‘t yn stiet wat der mei de hierwenten barre sil. De wenten op de Joksewei wurde sloopt, der komme 2 nije dûbele wenten foar yn’t plak, Dupex-súd en de 3 wenten midden yn de Master Gorterstrjitte wurde ek sloopt, dizze wurde ferfongen troch huzen mei in dûbele hichte.
    De hierwenten op de Buorren en de oare hierwenten yn de Master Gorterstrjitte wurde opknapt.
    De hierwenten yn D.S. Bangmastrjitte wurde om en om ( per blok ) ferkocht. Se binne geskikt foar de starters. 
    Parkearproblemen binne der yn de Buorren en op de Joksewei. De Buorren wurdt noch troch Doarpsbelang besjoen, foar de Joksewei jildt dat yn de folder fan Welkom stiet dat it grien en de parkeargelegenheden dêr opknapt wurde. 
  • It bestimmingsplan bûtengebiet is hast op oarder
  • It bestimmingsplan lytse kearnen komt yn oktober
  • Defibrilator
    Germ van Essen docht it wurd en fertelt dat der fanôf novimber 2008 ferskate groepen, sa as de Doarpsbelangen fan Reduzum, Friens, Idaerd en Reduzum, de Sportstichting en de Sakeklup der mei dwaande binne om yn de 3 doarpen 3 defibrilatoren   te krijen. De kosten wurde hieltyd heger, mar troch stipe fan ferienings, partikulieren, de Sakeklup, tsjerke en oaren komt de nedige
    € 7800,-- der. Omdat de jierlikse kosten oan de hege kant binne, wurdt der net reservearre foar ferfanging. Der is in oprop dien om kursisten, 10 foar elts doarp. De earsten hawwe harren al oanmeld.
    Op de fraach oft der ek  ûnderfining is mei dizze apparaten yn oare doarpen andert Germ dat,   dy der noch net is, mar wol docht bliken dat it wichtich is dat it apparaat midden yn it doarp hinget
  • Swimplak en paad op it Swinlân
    De oanwêzigen binne it iens mei de foarstellen fan Durk van Gorkum, in swimplakfoarsjenning oan it Swin en in paad oer de terp wurde net oanlein. 

11.  Omfreegjen
Alle Jan Wijnstra freget of der wer nije skelpen op it skelpepaad tusken Houtstek en Master Gorterstrjitte komme kinne. Wurdt meinaam troch it Meldpunt.
Tsjerk de Witte makket him soargen oer de skoalbern dy’t op de Ayttawei fytse. Troch breed lânbouferkear en auto’s dy ’t der te hurd ride, is hy bang foar ûngelokken. Earder hat de ferkears -groep der mjittings ferrjochtsje litten, dizze wiene net sa danich dat men jin ûngerêst meitsjen moatte soe. De ferkearsgroep nimt it wer mei. Trudy Rodenburg merkt op dat de mjittings miskien better net oan   it begjin mar fierderop oan de Ayttawei plakfine kinne.
Tryntsje Hemstra freget om nije skelpen op it paad om it tsjerkhôf en se meldt dat de lantearnen op de Legedyk it net dogge. Ek is it stek by it tsjerkhôf stikken . Dizze punten geane allegearre ek nei it Meldpunt.

14. Sluting
Goed 10 oere slút foarsitter Piter Renia   de gearkomste, betanket eltsenien foar syn oanwêzigens en winsket eltsenien wol thús.